Omrop Fryslân

Harkemase Boys ferliest alwer, degradaasjesône komt tichterby

Alve kear op rige wist Harkemase Boys net te winnen. Tiisdeitejûn tsjin SteDoCo slagge it opnij net. It waard 1-2 en de degradaasjesône komt rap tichterby.
Trainer Jan-Piet Bosma fan Harkemase Boys
© Orange Pictures
6 novimber 2021 wie de lêste kear dat Harkemase Boys wûn: doe waard it 5-0 tsjin Staphorst. Dêrnei ferlearen de Harkiten seis kompetysjewedstriden en spile it fiif kear lyk.
Thús tsjin SteDoCo út Hoornaar (Súd-Hollân) begûn de Fryske treddedivyzjonist wer muoisum, mar stadichoan kaam Harkemase Boys better yn de wedstriid.
Yn de 26e minút krige Harkemase Boys sels de bêste kâns fan de earste helte, doe't Arnoud Bentum knap oanspile waard. Hy skeat ien op ien mei de keeper oer.

Beimers 1-0

Tsien minuten letter rekke Bentum blessearre. Hy moast mei de brankaar fan it fjild en waard ferfongen troch Kian Visser. Dy krige flak foar it skoft noch in grutte kâns mei in folly fan tichtby, mar dy gong krekt neist.
De Friezen kamen better út de klaaikeamer. Doe kaam ek de fertsjinne iepeningstreffer. Nei in knappe oanfal skeat Berwout Beimers de bal yn de krusing: 1-0.
Berwout Beimers hellet út
© Orange Pictures
Mar sa as sa faak dit seizoen slagge it de Harkiten net om de om de foarsprong fêst te hâlden. SteDoCo krige eins gjin kânsen, oant tsien minuten foar tiid. Doe makke Joran Schröder dochs de lykmakker. Djip yn blessueretiid foel sels de 1-2, troch Steven Edwards.
Troch it ferlies stiet Harkemase Boys no trettjinde, mei 26 punten. Dat is noch mar twa punten boppe it fyftjinde plak, dat oan de ein fan dit seizoen neikompetysjefuotbal betsjutte soe.

Bûtenpost

Ien nivo leger, yn de Haadklasse, pakte Bûtenpost thús in punt tsjin Berkum. De wedstriid like lang op 0-0 út te draaien, mar tsien minuten foar tiid sette Aleksandar Radenkovic de thúsploech op 1-0.
De 'blaukes' koenen dy foarsprong net fêsthâlde: flak foar tiid tekene Martijn Brakke foar de lykmakker.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.