Harkemase Boys pakt punt yn Barendrecht, ONS en Bûtenpost ferlieze

Harkemase Boys, ONS Snits en VV Bûtenpost ha tiisdeitejûn gjin goeie saken dien. Allinnich de klup fan De Harkema wist in puntsje te pakken, de Snitsers en de Bûtenposters ferlearen.
Jhurrey Margaritha fan Harkemase Boys en Kayo Renwarin fan BVV Barendrecht © Orange Pictures
Yn de tredde divyzje spile Harkemase Boys mei 0-0 lyk yn Barendrecht. It is al de njoggende kompetysjewedstriid op rige dy't de Harkiten net witte te winnen.
Yn de earste helte krige Harkemase Boys de measte kânsen, mar koe dy net fersulverje. Yn de 25e minút koene se op foarsprong komme, mar it skot op it doel fan BVV Barendrecht gie tsjin de peal. Ek de twadde helte ferrûn sûnder doelpunten foar beide ploegen.

Soer ferlies foar ONS

ONS Snits rûn yn de haadklasse yn eigen hûs in soer ferlies op tsjin HZVV út Hoogeveen. Op it Zuidersportpark moasten se in 3-2 nederlaach ynkassearje.
Seis minuten op wei yn de earste helte pakte ONS de foarsprong troch in treffer fan Steyn Potma, dy't de bal fia HZVV'er Yannick Manusiwa efter de keeper skeat. De tsjinstanner út Hoogeveen kaam yn de 24e minút fertsjinne op likense hichte troch in goal fan Noah ten Brinke. Mei dizze 1-1 rêststân giene beide ploegen de klaaikeamers yn.
Yn de twadde helte wist ONS Snits wer op foarsprong te kommen. Nick Kleen skeat de bal yn de 59e minút yn it doel fan de gasten. Yn de einfaze fan de wedstriid blykte HZVV dochs te sterk. Justin Lambers brocht Hoogeveen mei in kopbal op likense hichte yn de 85e minút en yn blessueretiid wie it Walter Dias Nzasi dy't de winnende treffer makke.

Gjin punten foar Bûtenpost

VV Bûtenpost hie net folle yn te bringen yn de útwedstriid tsjin SC Genemuiden. Yn de 13e minút brocht Osama Ben Kaddour de thúsploech op foarsprong út in penalty wei. Nick Buitink wie yn de 25e minút de makker fan de 2-0 en dat wie ek de stân dy't by skoft op it skoareboerd stie.
Genemuiden slagge der yn de twadde helte yn om de foarsprong fierder út te bouwen troch in doelpunt fan opnij Buitink yn de 58e minút. In treffer fan Arend van de Wetering yn de 73e minút makke de 4-0 nederlaach foar Bûtenpost kompleet.