Halilovic, Dresevic en Sarr twivelgefallen by sc Hearrenfean
Sportklup Hearrenfean mist miskien trije basisspilers by de wedstriid tsjin RKC Waalwijk: Tibor Halilovic, Ibrahim Dresevic en Amin Sarr binne alle trije in twivelgefal.
Mei noch njoggen wedstriden te gean, is Hearrenfean oankaam yn in krúsjale faze fan it seizoen. Hearrenfean stiet trettjinde en spilet sneontejûn om 21.00 oere tsjin de nûmer fjirtjin RKC Waalwijk. Mooglik sûnder trije belangrike spilers. "Het is even afwachten of ze kunnen starten. Ik kan er verder niet op ingaan waarom ze niet kunnen spelen. Ik verwacht ze morgen, maar om bepaalde redenen kan ik daar niet op ingaan."
Gjin corona
Binnen de organisaasje binne der ferskate meiwurkers, wêrûnder algemien direkteur Cees Roozemond, dy't corona ha, mar binnen de spilersgroep is dêr gjin sprake fan. "Nee, gelukkig niet. Daar ligt het gelukkig niet aan. Verder hebben we een fitte selectie."
Tobiasen: "Ik kan er verder niet op ingaan waarom ze niet kunnen spelen":
Tsjin Willem II begûn Hearrenfean mei in 4-2-2-2 systeem, mei de twa spitsen Sydney van Hooijdonk en Amin Sarr. Yn de twadde helte spilen se lykwols wer 4-3-3 en begûn it folle beter te rinnen.
Sven van Beek: "Ik denk dat het belangrijkste is dat als we ons eigen spel spelen, met onze eigen formatie, waarin we het gevaarlijkst zijn. Ik denk dat we ons daaraan moeten vasthouden en niet voor bepaalde wedstrijden ons hele systeem moeten veranderen. Dat vind ik onzin."
Mei dizze opmerkings, soenen je dus sizze dat Hearrenfean tsjin RKC wer 4-3-3 spylje sil. Van Beek: "Ik hoop het wel, ja. En dat is wel de bedoeling."
Tobiasen wol neat kwyt oer wize fan spyljen
Tobiasen wol lykwols net sizze hoe't se spylje sille tsjin RKC. "Je zag tegen Willem II wel dat we beter gingen spelen, toen we de tweede helft hadden gewisseld. Met Musaba en Tahiri erbij creëerden we zelfs meer kansen. Maar ik wil er verder niet op ingaan hoe we gaan spelen."
Sven van Beek hopet dat Hearrenfean wer 4-3-3 spylje sil:
Ferline wike spile Hearrenfean mei 0-0 lyk tsjin WillemII. Tobiasen sei doe dat se genietsje moasten fan dat punt. "We zijn harstikke blij dat we van de nul punten af zijn. Het hadden ook drie punten kunnen zijn. Ik heb verder geen reacties gekregen over die opmerking. Ik was ook gewoon blij dat we een punt meepakten in de bus. Dus een beetje blijheid na dat ene punt, dat moet kunnen."
"We zijn harstikke blij dat we van de nul punten af zijn":
De wedstriid tusken RKC Waalwijk en sc Hearrenfean begjint sneontejûn om 21.00 oere. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Roelof de Vries.