Omrop Fryslân

Hearrenfean pakt punt yn degradaasjekreaker tsjin Willem II

Sportklup Hearrenfean hat sneon nei sân wedstriden wer ris in punt pakt. Tsjin konkurrint Willem II waard it 0-0.
Milan van Ewijk
© Orange Pictures
Trainer Ole Tobiasen stjoerde deselde alve it fjild yn as tsjin FC Utrecht (1-2 ferlies).
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg; Halilovic, Madsen, De Jong, Haye; Van Hooijdonk en Sarr.
Nei 12 minuten kaam it earste gefaar fan Willem II. Ald-Hearrenfeanspiler Jizz Hornkamp skeat de bal fan de râne fan it strafskopgebiet ôf yn de hannen fan doelman Erwin Mulder.

Senuweftich en sloardich

Nei 40 minuten krige Tibor Halilovic de earste mooglikheid foar Hearrenfean, mar de Kroäat makke it doelman Timon Wellenreuther fan Willem II net dreech genôch.
It spul fan Hearrenfean wie senuweftich en sloardich. It krige yn de earste helte hast gjin kânsen. It slagge de Friezen wol om de tsjinstanner fan skoaren ôf te hâlden.
Dat kaam wol mei troch in fantastyske rêding fan Mulder op in bikkelhurd ôfstânsskot fan Görkem Saglam.
Ibrahim Dresevic yn duel mei Hornkamp
© Orange Pictures
Ek nei it skoft wienen de earste kânsen foar Willem II. Mulder moast yngripe by skotten fan Hornkamp en Daniel Crowley.

Van Beek mei de grutste kâns

Hearrenfean wie de bal hieltyd fluch kwyt en kaam sa eins net ta oanfallen. Willem II wie ek net bêst, mar kaam der sa no en dan noch wolris út. Sa kopte Mats Köhlert de bal nei in oere gefaarlik op doel.
Nei 71 minuten wie der lang om let wer ris in Hearrenfeankâns. Sven van Beek seach dat syn kopbal út in hoekskop fan de doelline helle waard troch Köhlert.
Oan de ein fan de wedstriid liet Hearrenfean him wat mear sjen, mar nettsjinsteande ynsetten fan Thom Haye, Anthony Musaba en Halilovic bleau it by 0-0.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.