Ole Tobiasen: "Je merkt aan de ploeg dat ze hier uit willen komen"
Hearrenfeantrainer Ole Tobiasen sjocht mei in soad betrouwen foarút nei it wichtige duel fan sneon tsjin Willem II. Hy hameret op it goeie trainen, de positive statistiken en oan it goeie gefoel fan de groep.
Ole Tobiasen: "We hebben gelukkig alles in eigen hand"
Hearrenfean hat al acht wedstriden op rige net mear wûn. De lêste oerwinning wie 19 desimber tsjin Cambuur. Yntusken is Hearrenfean ôfsakke nei it 13e plak mei noch mar seis punten mear as Fortuna Sittard en Sparta, dy't 16e en 17e stean.
Willem II is lykwols noch minder dwaande. Fan de lêste 13 wedstriden koe it tolve kear net winne.
Tobiasen: "Ik heb het wel benoemd tegen de spelers. Dat we beide in een slechte serie zitten. Dat ga je ook merken in de wedstrijd denk ik. Misschien dat we beide wat directer gaan spelen. Dat verwacht ik ook van Willem II. Dat ze vaker lange ballen gaan hanteren. Dat ze voor de tweede bal gaan spelen. Ik denk dat wie de duels gaat winnen, ook aanspraak gaat maken op de overwinning."
Krityk fan Sven van Beek
Sven van Beek wie ferline wike nei de nederlaach tsjin FC Utrecht kritysk op syn kollega's. "Koste wat koste alles er aan doen om goals te voorkomen, dat zie ik niet altijd bij ons team. Ik vind dat de alarmbellen moeten afgaan. Je moet het soms zelf kunnen opbrengen. Soms voel je je in de steek gelaten."
Dêrneist joech hy oan dat net eltsenien it besef hat dat sy tsjin degradaazje spylje no.
Tobiasen hat it ynterview net sjoen en it der net mei Van Beek oer hân. "Ik kan niet zeggen dat we elkaar in de steek laten. Iedereen beseft dat we moeten gaan winnen. Niemand doet iets expres. Wij doen er alles voor. Dat besef moeten de spelers ook hebben. Iedereen weet dat we lang niet gewonnen hebben. Dat zullen we ook in hun portemonnee voelen, geen premies. Iedereen werkt er hard voor. Meer kun je ook niet doen."
Ole Tobiasen: "Misschien met 5 verdedigers, dat kan ik wel prijsgeven. Misschien hè. Misschien ook wel niet"
Tobiasen bliuwt posityf oer syn ploech. Hy sjocht dat der goed traind wurdt. "Je merkt in de groep, hoe ze met elkaar werken, dat ze hier uit willen komen."
Hearrenfean moat mear punten helje
Mar dat net allinnich, Tobiasen seit ek dat de statistiken sjen litte dat sc Hearrenfean mear punten helje moat. "Als je ook naar de statistieken kijkt, dan moet je gewoon minimaal één of twee keer scoren. Als je kijkt naar de expected goals, dan creëren we even veel als de tegenstander of zelfs meer. Maar als wij alleen bij de keeper zijn, scoren we niet en de tegenstander wel. Dat maakt het verschil vaak in de wedstrijden."
sc Hearrenfean hat in sa goed as fitte seleksje. Allinnich Syb van Ottele is siik en sit dêrom net by de seleksje. Pawel Bochniewicz is al hiel lang útskeakele, mar hy kin mooglik takom wike wer in bytsje meitraine mei de groep, mar noch net folslein.
Oer de opstelling wol de coach neat sizze. Begjint Tobiasen wer mei trije oanfallers of mei twa? Wolle se Amin Sarr tichter by de goal ha? Wurdt it dan 4-4-2? Of giet hy nei trije ferdigeners? Tobiasen wol der neat oer kwyt. Of dochs wol: "Misschien met vijf verdedigers, dat kan ik wel prijsgeven. Misschien hè. Misschien ook wel niet. Ik kan niks prijsgeven."
Lucas Woudenberg: "Iedereen is er van doordrongen."
Lucas Woudenberg is by Hearrenfean dwaande oan syn fiifde seizoen. Dêrfoar spile hy by NEC, Excelsior en Feyenoord, mar noch noait fuotballe hy tsjin degradaasje. "Dat klopt. En ik heb geen glazen bol, feit is dat we er niet goed voorstaan. Er komen cruciale wedstrijden aan. Iedereen is er van doordrongen."
Emoasje
Ek Woudenberg hat de krityk fan Van Beek net heard. "Ik denk dat het in de emotie na de wedstrijd was. Ik denk dat ie ook bedoelt dat iedereen er goed van doordrongen moet zijn. We moeten niet denken: mijn maatje los het wel op. We moeten er voor elkaar staan."
De wedstriid tusken Willem II en sc Hearrenfean begjint sneontemiddei om 16.30 oere. It duel is live te folgjen yn it programma Sneon yn Fryslân by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Roelof de Vries.