Omrop Fryslân

Cambuur en Hearrenfean dogge mei oan supportersaksje #stadionsvol

SC Cambuur en sc Hearrenfean roppe op om in petysje fan Supporterscollectief Nederland te tekenjen. Mei de aksje trúnje alle partijen yn it betelle fuotbal der op oan de stadions wer folslein te iepenjen foar publyk.
Supporters fan Hearrenfean
© ANP
Op dit stuit mei mar in tredde fan in stadion fol sitte, mar neffens it kollektyf draait fuotbal just om it spyljen foar publyk. Supporterscollectief Nederland is in gearwurking tusken de supportersferieningen yn de eare- en earste divyzje.
"Fuotbaljen foar lege of foar it grutste part lege tribunen is sfearleas, net nedich en kostet in soad jild", sa skriuwe de fuotbalklubs. Sy binne fan miening dat der hast gjin besmettingen plakfine yn stadions. Elts hat in QR-koade nedich om binnen te kommen en minsken sitte bûtendoar.
Ard de Graaf fan SC Cambuur
© Omrop Fryslân
Algemien direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur joech earder al oan teloarsteld te wêzen dat de stadions noch hieltyd net fol meie. Neffens De Graaf is de rek derút. De direkteur frege him ôf wêrom't se oars meidien hawwe oan de Fieldlab-eksperiminten.

#stadionsvol

De ferromming fan it kabinet is yn de eagen fan de klups net in oplossing foar de langere termyn. Under it biedwurd #stadionsvol wurdt frege om in heldere eindatum fan de coronamaatregel.
Op 10 febrewaris wurdt de petysje oan de polityk yn Den Haag oerlange.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.