sc Hearrenfean boekt hast trije miljoen euro winst yn 'coronajier'
sc Hearrenfean hat it ôfrûne boekjier 2,9 miljoen euro winst makke. Dat hat de klup bekend makke by de presintaasje fan de jiersifers.
Dat it 'coronajier' ôfsletten is mei in winst fan hast trije miljoen euro komt benammen troch de opbringsten fan de ferkeap fan spilers. Sa waard de Nigeriaanske oanfaller Chidera Ejuke foar 12 miljoen euro ferkocht oan CSKA Moskou. Boppedat hat Hearrenfean oandielen yn de transfers fan Sven Botman en Sam Lammers.
Dêrneist hat de klup stipe krigen fan de oerheid. Yn totaal giet dat om in bedrach fan 3,5 miljoen. Dêrfan is mei 2,4 miljoen it grutste part de stipe fan de NOW-regeling.
Dêrneist hat de klup stipe krigen fan de oerheid. Yn totaal giet dat om in bedrach fan 3,5 miljoen. Dêrfan is mei 2,4 miljoen it grutste part de stipe fan de NOW-regeling.
Omset
Troch de coronakrisis is de omset flink minder wurden. Troch de lege tribunes hat de klup hast 1,2 miljoen euro minder oan ynkomsten. Dat komt dan benammen troch in legere ferkeap fan losse kaartsjes. Dêrneist binne der minder seizoenkaarten (8.600) ferkocht as ferline jier.
Besunigings
Hearrenfean hat it ôfrûne jier tal fan besunigingsmaatregels ynfierd. Sa is der in heal miljoen euro besunige op it spilersbudzjet, wienen der twongen ûntslaggen en is der in 'lean-offer' dien troch spilers, stêf, direksje en MT.
"We zijn blij met de cijfers die we hebben kunnen presenteren", seit algemien direkteur Cees Roozemond. "Operationeel maken we nog steeds een verlies, al is het minder als de jaren ervoor. Netto maken we winst omdat we een goed transferresultaat hebben behaald met de verkoop van spelers. We zijn als club afhankelijk van die verkoop. Ejuke leverde een buitenproportioneel mooi bedrag op."
Direkteur wiis mei stipe
De klup koe aldergeloks ek op in soad stipe rekkenje, seit de direkteur. "We hebben kunnen steunen op een ongelofelijk loyaal supporters- en sponsorencollectief. Zij hebben ons door dik en dun gesteund. We hebben natuurlijk grote klappen gehad en we hebben grote kostenbesparingen door moeten voeren. Ook helaas een sociaal plan binnen de club. We hebben meer dan een miljoen bespaard op de personeelskosten. En ook op de sociale dienst, waar dat sociaal plan onder valt. Daardoor kregen we de kosten wel onder controle."
Algemien direkteur Cees Roozemond