Jansen mist striid by Hearrenfean: "Het was heel matig"
Sportklup Hearrenfean hat it dreech. It ferlear al trije kompetysjewedstriden op rige. Boppedat makke de ploech fan Johnny Jansen yn dy wedstriden gjin goals. "We zitten in de hoek waar de klappen vallen", seit de trainer.
Hearrenfean hat op 'een aantal plekken' te min kwaliteit:
Nei ôfrin fan de wedstriid tsjin PEC Zwolle (0-1 ferlies) is Jansen benammen min te sprekken oer ien aspekt. "Waar ik enorm van baal, is dat ik de strijd heb gemist. De eerste helft was heel matig."
Kwaliteitstekoart
Neffens Jansen hat syn ploech al langere tiid problemen, bygelyks by it meitsjen fan doelpunten. Boppedat waard de bêste spiler fan Hearrenfean, Joey Veerman, yn de winter ferkocht oan P{SV.
"Die vervang je niet zomaar. Hij was heel belangrijk en daar was het spel ook op afgestemd. Dus dan valt er wel heel veel weg", seit Jansen. De trainer fynt dat syn ploech op dit stuit op guon plakken gewoan kwaliteit tekoartkomt.
Jansen sil moandei mei de klup yn petear oer syn takomst by Hearrenfean.
Kânskes
Middenfjilder Siem de Jong wie nei ôfrin fan de wedstriid wat mylder. "We hebben een paar kansjes gecreëerd. Het is jammer dat het dan net niet goed valt."
Siem de Jong makket him noch gjin soargen:
"We zijn een beetje zoekende", seit De Jong. "We hadden met Joey (Veerman, red.) een soort automatisme. Hij geeft ballen waarvan jongens weten dat ze gaan komen. Nu zoeken we: hoe gaan we tot die kans komen? Daar moeten wij beter in worden."
Nettsjinsteande it ferlies en de minne statistiken, makket De Jong him gjin soargen. "We moeten nu verder kijken, zorgen maken heeft weinig zin."