Omrop Fryslân

Nije tik foar sc Hearrenfean: thúsnederlaach tsjin hikkesluter

Sportklup Hearrenfean hat sneon mei 0-1 ferlern fan hikkesluter PEC Zwolle. It is de tredde kompetysjenederlaach op rige foar de Friezen.
© Orange Pictures
By Hearrenfean wie Nicolas Madsen werom fan syn blessuere. Hy mocht fuort yn de basis begjinne. Ek Siem de Jong en Henk Veerman mochten starte.
Opstelling sc Hearrenfean: Xavier Mous; Milan van Ewijk, Sven van Beek, Nick Bakker, Rami Kaib; Nicolas Madsen, Tibor Halilovic, Anas Tahiri; Anthony Musaba, Henk Veerman en Siem de Jong
PEC Zwolle wie de meast gefaarlike ploech yn de begjinfaze. Mees de Wit wie mei in skot yn de koarte hoeke it tichtst by in doelpunt, mar doelman Xavier Mous koe syn ynset keare.

Flugge efterstân

Efkes letter kaam Rami Kaib yn it strafskopgebiet mei de hân tsjin de bal. Skiedsrjochter Martin van den Kerkhof koe net oars as in strafskop jaan. Bram van Polen bleaun rêstich en skeat de bal binnen: 0-1.
Hearrenfean moast yn de efterfolging. Anthony Musaba krige de earste goede kâns foar de Friezen, mar syn skot ferdwûn krekt njonken de goal fan PEC. Nei in lyts healoere kaam Hearrenfean wer yn de buert fan in doelpunt. Tibor Halilovic betsjinne Siem de Jong mei in wipperke en De Jong skeat de bal hurd tsjin de peal.
© Orange Pictures
Nei in goede kombinaasje tusken Halilovic en De Jong wie it Musaba dy't de folgjende Hearrenfeankâns krige. PEC-doelman Kostas Lamprou hie lykwols in goede rêding yn hûs.
Krekt foar it skoft koe PEC de skoare útwreidzje, doe't Oussama Darfalou hielendal frijstie in it strafskopgebiet. Hy skeat de bal lykwols rjocht yn de hannen fan Mous.
© Orange Pictures
Trainer Johnny Jansen wie net bliid mei wat hy yn de earste helte seach en greep bot yn. Hy brocht Lucas Woudenberg, Ibrahim Dresevic en Filip Stevanovic foar Kaib, Musaba en Anas Tahiri.
It earste gefaar nei it skoft kaam lykwols fan PEC. Darfalou waard goed frijspile, mar hy stjitte op Mous. Twa minuten letter moast Mous wer yn aksje komme nei in hurd skot fan Mustafa Saymak.

Veerman docht it net

Henk Veerman kaam yn de hiele earste helte net yn it spul foar, mar yn de 54ste minút hie hy skoare moatten: Halilovic krige de bal mei in gelokje foar syn fuotten en lei de bal goed breed op Veerman, mar rjocht foar it doel makke de Volendammer it Lamprou net dreech genôch.
PEC naam dêrnei de rezjy wer oer. Ynfaller Gervane Kastaneer seach dat syn doelpunt ôfkard waard en efkes letter kopte Darfalou mar krekt njonken.
Yn de slotfaze barde net safolle mear. PEC Zwolle hoegde net mear en Hearrenfean koe net mear. Einstân: 0-1. Hearrenfean stiet noch hieltyd tsiende yn de earedivyzje mei 25 punten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.