Omrop Fryslân

sc Hearrenfean hellet Sydney van Hooijdonk binnen

Sydney van Hooijdonk spilet de rest fan dit seizoen foar sc Hearrenfean. De 21-jierrige oanfaller wurdt hierd fan it Italiaanske Bologna.
Johnny Jansen oer Van Hooijdonk:
Trainer Johnny Jansen is wiis mei de komst mei Van Hooijdonk. "Dit is wat we graag willen, volgens mij gaat het nog om formaliteiten."

Konkurrinsjestriid

By sc Hearrenfean moat de soan fan analist Pierre van Hooijdonk de konkurrinsje oangean mei Henk Veerman.

Jansen: "Het wordt een mooie concurrentiestrijd. Sydney staat erom bekend dat hij energie levert in een elftal. Hij is goed in de zestien en hij heeft een geweldige standaardsituatie."
Sydney van Hooijdonk yn it shirt fan NAC Breda
© Orange Pictures
Van Hooijdonk stapte ôfrûne simmer oer fan NAC Breda nei Bologna. Dêr tekene hy in kontrakt oant de simmer fan 2025. Mar by de Italiaanske subtopper koe de oanfaller net rekkenje op in soad spylminuten.
Yn totaal kaam hy yn de earste seizoenhelte mar 34 minuten yn aksje. Jansen: "Ik verwacht dat hij gewoon wedstrijdfit is, want hij zit bij Bologna altijd bij de wedstrijdselectie."

Lang om let

Mei Van Hooijdonk hat Ferry de Haan lang om let syn spits helle dêr't hy al sa lang nei op syk wie. Ferline seizoen wie Van Hooijdonk mei fyftjin doelpunten kluptopskoarder by NAC Breda.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.