Omrop Fryslân

Sloardich spul Hearrenfean gjin ynsidint, fynt trainer Johnny Jansen

It wie gewoan ûnfoldwaande wat Hearrenfean tiisdei sjen liet tsjin Go Ahead Eagles. Dat fynt ek trainer Johnny Jansen fan de Friezen.
"Het is geen incident, we hebben dit veel vaker":
Neffens Jansen hie syn ploech yn de begjinfaze op 1-0 komme moatten, mar dat barde net. "We waren heel slordig, helemaal in de eindfase. Er moet kwaliteit geleverd worden, maar dat was vandaag echt onvoldoende."
Foarsetten wienen te hurd, kamen achter de man of der stie hielendal gjinien foar de goal. Jansen makket in hast mismoedige yndruk.
It wie bekend dat Go Ahead Eagles in stugge ploech hat. "Dus moest het tempo hoog zijn", seit Jansen. "De eerste twintig minuten kwamen we nog best vaak door over de zijkanten, maar toen viel de 0-1. Die tegengoal viel heel makkelijk, terwijl ik vind dat we toen controle hadden en zelf op voorsprong hadden moeten komen."

Fersleinens yn de klaaikeamer

It ferlies komt hurd oan by Hearrenfean, fertelt bûtenspiler Anthony Musaba. "We zaten echt aangeslagen in de kleedkamer."
Anthony Musaba wol mear bringe:
Musaba wie foar de Friezen noch it faakst gefaarlik, mar syn foarsetten wienen ûndermaats. "Het was niet zo best. Ik ben een speler die normaal gesproken scoort en assists geeft, maar ik ben nog steeds niet belangrijk geweest voor de ploeg."
Dat sit him dwers, jout er ta. "Ik ben hier gekomen om daarvoor te zorgen. Vandaag had ik belangrijk kunnen zijn voor de ploeg, maar het lukte niet."
Uiteindelijk willen we de play-offs halen.
Anthony Musaba
It bekertoernoai wie in doel Hearrenfean, dêr woe de ploech prestearje. Dat is no net slagge. En dus giet de fokus op de kompetysje, seit Musaba. "Uiteindelijk willen we de play-offs halen."

Iennige Fries op it fjild wol bliid

Wylst de fersleinens by Hearrenfean grut is, wie de iennige Fries op it fjild just enoarm bliid. Doelman Andries Noppert fan De Jouwer hold de nul foar Go Ahead Eagles en giet mei syn ploech nei de kwartfinale fan it bekertoernoai.
"It is spitich foar Hearrenfean, mar foar ús hartstikke moai":
Noppert hat yn de jeugd spile foar Hearrenfean, mar nea syn debút makke en ek noch net earder yn it Abe Lenstrastadion spile. Hy sil dizze dei net gau ferjitte. "It past moai yn it ferhaal."

Thúskommen

Syn dream wie om it betelle fuotbal te heljen, fertelt er. "By Hearrenfean is it net slagge, mar no by in oare klup wol. Dat is prima. It fielt jûn as thúskommen. Mei in oerwinning is it hielendal moai."
En de Fries hat hast net yn de problemen west yn it bekerduel. "De earste helte stienen we ien kear net goed by in corner. Dat moat better, mar fierder stiet it as in hûs. We ha moai de wei omheech fûn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.