Omrop Fryslân

Mingde gefoelens by fuotbalklups: langer sporte jongeren, mar kompetysje útsteld

By Drachtster Boys binne se bliid dat jongeren wer sporte kinne oant acht oere jûns. Mar tagelyk fine se it soer dat de kompetysje noch net opstart wurdt.
Drachtster Boys fuotbalje oant acht oere jûns
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"It is geweldich om de bern sa bliid te sjen, dat se einliks wer los kinne", seit Drachtster Boys-foarsitter Gijs Lokhorst wylst er oan de kantline fan 'syn' fuotbalfjild stiet. Op it fjild binne de pupillen oant 14 jier oan it wurk. "Se binne no foaral wer oan it trainen, it giet om it entûsjasme en dat je wer fuotbalje kinne."
Foar trainer Jort Tibbesma is it foaral noflik dat der wer oant acht oere traind wurde mei. "Het was eerst tot vijf uur, en toen konden veel pupillen niet vanwege school. Nu het weer mag willen we weer volle bak!"

Kompetysje

Fuotbalbûn KNVB hat besletten de amateurkompetysje yn alle gefallen mei in wike út te stellen en de plande wedstriden te skrassen. De sportsektor pleitet foar in ferromming fan de regels. "Je wolle graach elk wer oan it fuotbaljen en oan it sporten hawwe, ek de folwoeksenen", seit Lokhorst.
Hy ferwachtet yn dat opsicht lykwols net folle fan de regearing. "It is hiel dreech yn te foljen, dus ik bin hiel benijd wat der freed út de parsekonferinsje komt."
Ferslachjouwer Ronnie Porte seach by de training fan Drachtster Boys

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.