Omrop Fryslân

Sport Fryslân ropt bedriuwen en skoallen op: jou romte om te sporten

Sportklups steane foar praktyske puzels no't de amateursport nei 17.00 oere ferbean is. Sport Fryslân ropt skoallen en bedriuwen op om minsken de romte te jaan om ûnder skoalle of wurktiid te bewegen.
Sporten yn in lockdown
Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân fernimt dat minsken noch hiel graach bewegen bliuwe, ek al wurdt dat in stik dreger no't dat nei 17.00 oere net mear yn organisearre foarm kin. "Sportferienings dogge har stjonkende bêst om trainingstiden oan te passen."
Sportende jeugd
© ANP
Hy hopet dat wurkjouwers en skoallen ek fleksibel wêze wolle. "As wurkjouwers wat meibewege kinne mei fleksibele wurktiden, soe dat ôfgryslik helpe. Itselde jildt foar skoallen. As bern krekt wat earder klear binne, soenen se noch nei de training fan bygelyks it dûnsjen of de gymnastyk kinne. Dan wurde de ynspanningen fan de ferieningen ek beleanne. We moatte elkoar in bytsje temjitte komme."

Profyt foar bedriuwen

It soe de bedriuwen ek wat opsmite as se wurknimmers de tiid en romte jouwe om ûnder wurktiid te sporten, seit De Vries. "De minsken dy't by dy wurkje, wolst graach dat dy sterk, fit, sûn en fleurich binne. As wurkjouwer soe ik leaver ha dat minsken wat tiid nimme foar beweging en ek it sosjale aspekt, as dat se yn de stress sjitte of siik wurde."
Anne Jochum de Vries, direkteur Sport Fryslân
© Omrop Fryslân, René Koster
It begjint neffens De Vries mei fleksibiliteit en sjen nei wat mooglik is. "We kinne ús allegear liede litte troch de ûnmooglikheden, mar wat kin der wol? Dêr moatte we nei sjen."
We moatte der alles foar oer hawwe om dat oerein te hâlden.
Anne Jochum de Vries
As foarbyld neamt er it earste alvetal fan Snits Wyt Swart, dat tiisdeitemoarn om 5.30 traine sil. "It is in prachtich foarbyld fan hoe't it ek kin. Fansels kin soks net in hiele perioade, mar no wol even."
"We roppe op om de sport safolle mooglik iepen te hâlden. Dêr treffe we elkoar, prate we by, binne we yn beweging. Dat is sa belangryk. We moatte der alles foar oer hawwe om dat oerein te hâlden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.