Sport essinsjeel? "Daar is geen speld tussen te krijgen"
Neffens sportskoalle Ursus yn Ljouwert kin it kabinet hast net oars: sport is essinsjeel en dus moatte binnensportlokaasjes wer iepen. "Als ze luisteren naar de argumenten, dan is daar geen speld tussen te krijgen."
Bewege heart ek by sûnens, seit de GGD:
In petysje mei 350.000 digitale hantekeningen om sport as 'essinsjeel' oan te merken is tiisdei oanbean oan de nije minister fan Sport, Conny Helder. Under oare turnikoan Ekpe Zonderland stipet it boadskip, krekt as fuotbalbûn KNVB.
Sportskoalle-eigener Erwin Boonstra hearde troch de brânsferiening fan de fitness oer de aksje. By syn sportskoalle is der no in hantsjefol sporters dat bûten ûnder in oerkaping sport.
Fertrouwen yn ferrommingen
"Het is eeuwig zonde dat alles hier zo leeg staat", seit er. "De apparaten staan te verstoffen. Je houdt je aan alle maatregelen zoals afstand, schoonmaak, ventilatie, maar toch mogen we niet open."
Boonstra begrypt it net. Hy tinkt dat it belang fan de binnensport net by de polityk trochkringt. Dochs hat er der fertrouwen yn dat der freed ferrommingen komme foar de binnensport.
Ik heb goede hoop dat Kuipers meer voor de sport is dan Hugo de Jonge was in de afgelopen jaren.
It feit dat Ernst Kuipers de nije minister fan Folkssûnens is soarget foar goede moed by Boonstra. "Hij houdt in zijn eigen ziekenhuis de sportscholen open omdat het goed is voor zijn personeel. Dan kan hij denk ik nu niet anders dan openstellen. Andere factoren spelen natuurlijk ook een rol, maar ik heb goede hoop dat Kuipers meer voor de sport is dan Hugo de Jonge was in de afgelopen jaren."
Direkteur Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân hat ek fan de oprop heard. Se fynt it in goeie aksje. "We binne der grut foarstanner fan." Neffens De Graaf krijt de GGD faker de oprop om net allinnich nei ynfeksjesyktebestriding te sjen, mar mear nei de brede publike sûnens.
Sporte is wichtich foar de sûnens, dat is wis. "Mar der binne ek oare diminsjes oan sûnens. Stress bygelyks. Minsken dy't no har winkel sletten ha, ha dêr lêst fan. Ik sil net sizze dat it iene wichtiger is as it oare, mar it is wichtich om sûnens as útgongspunt te hâlden."