Omrop Fryslân

Grou yn spanning: fuotbal en hoareka sjogge nije beheiningen oankommen

De hoareka moat fan sneon ôf nei alle gedachten alle dagen fan 17.00 oere ôf wer ticht. Foar de eigeners fan restaurant De Kade yn Grou is it in nije tebeksetter. Se ha noch net in 'gewoan' jier draaie kinnen.
Restaurant De Kade yn Grou
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In eardere sluting fan de hoareka is ien fan de maatregels dy't it demisjonêre kabinet nimme wol om it tal coronabesmettings omleech te krijen. Freedtejûn hâlde premier Rutte en minister De Jonge foar de 38e kear in coronaparsekonferinsje.

Noch net ien 'gewoan' jier

Femmalyn Dijkstra en har partner Emile Fransen waarden yn april 2019 de nije eigeners fan restaurant De Kade yn Grou. Foar beiden in dream dy't útkaam: in eigen restaurant. No, goed twa en in heal jier fierder, is it noch net slagge ien fatsoenlik jier te draaien.
Restauranteigeners Femmalyn Dijkstra en Emile Fransen
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De plannen dy't se ha moatte se hieltyd wer útstelle. En dan stiet der no wer in sluting foar de doar. Mei iepeningstiden fan 5.00 oant 17.00 oere kinne se neat. "Wij moeten het hebben van de avond", seit Dijkstra. "Met een sluitingstijd van 20.00 uur is het al lastig om bijvoorbeeld een goed vijfgangendiner te serveren. We gaan om 16.00 uur open, dus dan zouden we straks maar een uurtje hebben."
Yn restaurant De Kade yn Grou
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Se bliuwe lykwols posityf. Fol pasje seit Femmalyn dat se wer oerstappe op 'bestelle en besoargjen'. "Onze klanten sturen al berichten dat ze ons niet gaan vergeten." Se wolle ek sjen oft se wer mei in kream bûten stean kinne.

Spanning by fuotballers

By fuotbalferiening GAVC yn Grou rint in tsiental jonges oer it fjild. Under de lampen wurkje se in technyske training ôf. Se wachtsje yn spanning ôf hokker maatregels oft yn de parsekonferinsje oankundige wurde.
De training is de útlitklep.
Bertwin Tiemersma oer it sporten fan de jeugd
Bertwin Tiemersma fan de technyske kommisje jeugd ferwachtet dat de kompetysje derút giet. "Dat tink ik wol, ja. Mar as de jeugd hjir mar traine kin. Sporte kin. Dat is it belangrykste. Foar de sosjale ûntwikkeling bygelyks. Boppedat smyt it de jeugd in soad wille op. Dat moatte je se net ûntnimme."

'Sosjale aspekt sport is fan grut belang'

Tiemersma wiist op it belangrike sosjale aspekt fan de sport yn de eardere lockdowns. "Ik hearde doe fan de famkes dat se sa bliid wienen dat se traine koene. Dat wie doe har iennige 'uitje'. Mear hienen se net. De training no ek: dat is de útlitklep."
It fuotbalfjild fan GAVC (Grouster Amateur Voetbal Club)
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Kick Bakker en Ruben Wouters spylje sneon yn prinsipe mei de JO14-1 in útwedstriid tsjin Wardy yn Ferwert. Mar se ferwachtsje dat dêr in streek troch giet. "Ik denk dat ze de competitie er wel uit gaan halen", seit Kick. "Dat is wel balen, want het is toch wel erg leuk om te voetballen." Ruben hopet dat it trainen trochgean kin: "Dat is dan wol it belangrykste, ja. Want dan kinne we yn alle gefallen wurkjen bliuwe oan de technyk en kondysje."

Kampioensstriid

Se bale noch it measte fan de wedstriid dy't oer twa wiken op it programma stiet. Ruben: "Wy stean no twadde en dan spylje we tsjin de koprinner. Dat is eins in wedstriid om it kampioenskip. Dy wolle we sa graach spylje. Mar ja, as alles derút giet... As it moat, dan moat it."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.