Liveblog
|
26 novimber 2021
Coronanijs fan 26 novimber: Nije coronaregels | Underwiis iepen, slutingstiden ynset
Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 26 novimber 2021, 22:50
freed 26 novimber 2021
22:50
Ein fan dit liveblog
We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
22:14
Ek Thialf moat wer oanskerpe
22:03
De earste reaksjes
Hoe falle de nije coronamaatregels? Dit binne de reaksjes fan it bedriuwslibben, it ûnderwiis en de hoareka:
"Ik zie mezelf niet op het terras zitten om vijf uur 's ochtends"
20:52
Takom wike stappen set mei boosterprik
Takom wike wurdt al úteinset mei it jaan fan ekstra faksinaasjes tsjin it coronafirus oan net-mobile âlderein. Oarspronklik soe dat yn jannewaris pas sa wêze. Takom wike begjint ek de stipe fan hûnderten militêren by it setten fan boosterprikken. Fan takom wike freed ôf kinne ek folwoeksenen mei it syndroom fan Down dy't thús wenje in boosterprik helje.
20:47
D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong is bliid dat begjinnende ûndernimmers no ek stipe krije kinne
20:26
WHO hat soargen om nije Omicron-fariant
De Wereldgezondheidsdienst (WHO) hat noed oer de nije coronafariant dy't yn Súd-Afrika ûntdutsen is. Dizze fariant hat de namme 'Omicron' krigen. Lyk as de eardere farianten hat it in letter út it Grykske alfabet krigen.
20:19
Deputearre Douwstra: "Hurde klap"
20:14
Fakbûn FNV hopet dat kabinet omtinken foar wurknimmers hat
20:08
KNVB hat noed oer it fuotbal
20:01
Oare opfallende saken
Noch in tal opfallende saken út de coronaparsekonferinsje:
19:53
Oersjoch fan de maatregels
Hjirûnder in koart oersjoch fan de meast wichtige maatregels:
19:22
"It firus sil ûnder ús bliuwe"
Minister Hugo de Jonge: "Dat het virus onder ons blijft, staat als een paal boven water. Maar in welke mate, dat is lastig te voorspellen. Het kan zijn dat er mutaties ontstaan waar de vaccins minder goed tegen werken. We moeten ons tot het uiterste inspannen om dit virus in te dammen. De enige manier waarop we dit kunnen doen is: samen."
19:20
Boosterprikken
De GGD's binne drok dwaande mei it setten fan boosterprikken. Earst by âlderein, soarchpersoniel en kwetsbere groepen. Dan stadichoan nei de minsken dy't jonger binne. De Jonge hopet dat eltsenien sa gau as mooglik in ôfspraak meitsje kin.
19:17
Beskerming opbouwe
Op dit stuit hawwe sa'n 1,2 miljoen minsken noch net beskerming opboud tsjin it coronafirus, seit minister De Jonge. Oan de ein fan de winter sil dat wol sa wêze, tinkt hy. Troch in faksinaasje, of troch it firus op te rinnen. "Mijn hoop is dat mensen op tijd kiezen voor een prik."
19:15
"Minsken ymmún wurden foar de sifers"
Demisjonêr minister Hugo de Jonge fertelt dat yntusken in soad minsken ymmuniteit opboud hawwe. Mar it tal besmettingen bliuwt omheech gean. Neffens him binne guon minsken suver ymmún wurden foar de deistige sifers. Mar it is wol in hurde werklikheid, seit hy.
19:12
Oprop: behein kontakt tusken âlderein en bern
It advys is om it kontakt tusken âlderein en bern te beheinen, ek mei Sinteklaas, seit Rutte. It soe yn dizze tiid efkes better wêze om bygelyks te fideobeljen mei-inoar.
19:12
Skoallen iepen, mar wol mei maatregels
It ûnderwiis bliuwt iepen, jout de premier oan. Mar der sille wol maatregels folgje, lykas it brûken fan mûlkapkes op de gong.
19:10
Thúswurkje, beheinde besite
"We zien dat het werk een flink aandeel heeft in de verspreiding van het virus", seit Rutte. Dêrom is it advys om safolle as mooglik thús te wurkjen en oars ôfstân te hâlden.
Thús is it advys om maksimaal fjouwer minsken te ûntfangen en om sels maksimaal by ien oar húshâlden op besite te gean. Ek docht Rutte de oprop om by besiten in selstest te dwaan.
19:09
Mûlkapke en 1,5 meter
It mûlkapke en de 1,5 meter ôfstân wurde ek wer útwreidn net plakken dêr't no al in coronatagongsbewiis en sitplak jildt, bygelyks yn de hoareka en by bioskopen.
19:07
Sluting
De kommende wiken is yn prinsipe alles yn Nederlân nei 17.00 oere sletten, útsein essinsjele winkels lykas supermerken, drogisten, apoteken, tankstasjons en medyske kontaktberoppen. Rutte fynt it 'afschuwelijk', mar wol nedich.
19:06
Kontakten moat mei 20 persint omleech
Rutte hat om in spoedadvys frege oan it Outbreak Management Team. "Het advies is om het aantal contacten met 20 procent omlaag te brengen. Daarvoor zijn scherpe maatregelen nodig. Met een paar kleine aanscherpingen zijn we er niet."
19:04
Minsken teste te min by klachten
De minister-presidint seit dat op dit stuit minder as de helte fan de minsken by klachten in coronatest docht. It boadskip fan it kabinet komt dus net genôch oan, seit hy. "Dat reken ik mezelf aan. We zullen dit beter moeten doen."
19:01
Rutte ropt op ta faksinearjen
Demisjonêr premier Rutte ropt op de parsekonferinsje nochris mei klam op om in faksinaasje te nimmen. "Wie is gevaccineerd heeft een 25 keer kleinere kans om met corona op de intensive care terecht te komen. Vaccineren helpt. Dus wie nog twijfelt: haal die prik, bescherm jezelf en de mensen om je heen."
17:05
Fakbûnen wolle 'coronaplan' om lockdowns tenei foar te kommen
Fakbûnen en wurkjouwers wolle sa gau mooglik in 'coronaplan' om foar te kommen dat der hieltyd nije lockdowns nedich binne. "Het virus is voorlopig nog onder ons. We hebben een plan nodig om daarmee te leven, zonder steeds weer alles op slot te moeten gooien", sizze se.
De organisaasjes en bûnen ferwachtsje dat der jûn maatregels oankundige wurde dy't bedriuwen wer bot reitsje sille.
15:37
MCL past besikersregeling oan
Medisch Centrum Leeuwarden past fan sneon ôf de besikersregeling oan. Der meie ûnder mear gjin bern mear op besite komme op de berne- en kreamôfdielingen.
Op de corona-ôfdielingen L en M mei deistich noch mar ien besiker komme, tusken 14.30 en 16.30 oere. Op de oare ôfdielingen is dat fan 15.00 oant 17.00 oere.
De haadyngong fan it sikehûs wurdt om 18.00 oere sletten.
15:33
Besetting yn Nederlânske sikehuzen nimt ta
Yn de sikehuzen naam de besetting yn de ôfrûne 24 oeren ta. Der lizze no 2.598 minsken mei corona yn it sikehûs juster (juster: 2545), dêrfan lizze 528 op de ic (juster: 530), meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
15:17
885 nije coronabesmettingen
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 885 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 37 mear as tongersdei. Doe waarden 848 besmettingen meld.
Der binne twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân.
Seis Friezen binne mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Dantumadiel, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren (3).
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 21.350. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 22.258.
14:41
NEC hat "iets meer beveiliging" foar duel mei Cambuur
SC Cambuur en NEC iepenje de earedivyzje spylronde jûn om 20.00 oere. De klup út Nijmegen hat "iets meer" befeiliging ynskeakele, om de situaasje by De Goffert yn de gaten te hâlden. "Dat heeft niet zozeer te maken met de situaties van vorige week. We willen vooral zelf de veiligheid in de hand houden en hebben daarom wat preventieve maatregelen genomen", seit in wurdfierder.
14:33
Black Friday
De gemeente Ljouwert hat op Black Friday ekstra befeiligers ynset om wêr nedich de drokte te regulearjen. De befeiligers rinne om yn it sintrum fan de stêd. Foarearst liket de drokte yn de winkelstrjitten út te bliuwen.
14:26
De Jonge oer maatregels: set dy skrep foar in barre winter
It kabinet sil de kommende tiid echt foars yngripe moatte om it tal coronabesmettingen te ferleegjen, seit demisjonêr soarchminister Hugo de Jong. Hy warskôget dat minsken harren "schrap moeten zetten voor een barre winter". It kabinet sil "alle maatregelen nemen die nodig zijn om de zorg te ontlasten".
"Als je het zo hard ziet oplopen, moet je die kentering forceren", seit De Jonge.
14:10
'Jûnslockdown' fan snein ôf
In soad sektoaren moatte fan snein ôf fan 17.00 oant 05.00 oere ticht. De maatregel duorret foarearst trije wiken. Dat meldt de NOS. Neffens boarnen soe it jilde foar ûnder mear restaurants, kafees, 'net-essinsjele' winkels, de kultuersektor, 'trochstreamlokaajes' en de amateursport. Skoallen kinne iepenbliuwe.
Learlingen fan groep seis ôf en middelbere skoalbern wurde fierder ferplichte yn de gong in mûlkapke te dragen.
Learlingen fan groep seis ôf en middelbere skoalbern wurde fierder ferplichte yn de gong in mûlkapke te dragen.
13:54
De Jonge: planbere operaasjes lanlik útsteld, help definsje
Soarchminister Hugo de Jonge hat de saneamde 'faze 2d' ôfkundige. Alle sikehuzen stelle planbere soarch út, as it nedich en 'medisch aanvaardbaar' wurde ek krityske planbere operaasjes langer útsteld as eins de bedoeling is. Dit om hannen frij te meitsjen foar soarch foar Covid-pasjinten en op de intensive cares. De help fan Definsje wurdt ek ynskeakele.
It Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding en it Landelijk Netwerk Acute Zorg hiene om de ynfiering fan dizze oanpak frege.
13:14
Lastminutereservearringen streame binnen by restaurants
Nederlanners binne yn oanrin nei de ferwachte coronamaatregels drok dwaande mei it reservearjen by restaurants foar freedtejûn. It tal lastminutereservearringen streamt binnen by oanbieders fan onlinereservearringssystemen, sa docht bliken út in rûngong fan ANP.
13:02
RIVM: nije fariant bûten de doar hâlde wurdt dreech
It wurdt dreech om de nije coronafariant, dy't foar it earst yn Súd-Afrika ûntdutsen waard, bûten de doar te hâlden. Dat seit firolooch Chantal Reusken fan it RIVM. De nije fariant is mooglik besmetteliker, mar ek eardere nije farianten binne hast nea beheind bleaun ta ien bepaald gebiet.
"Wat we kunnen doen is zo veel mogelijk vertragen", seit Reusken. Se fynt it dêrom goed dat Nederlân in ferbod op flechten út súdlik Afrika wei ynsteld hat.
12:29
ECDC: ein fan Nederlânske coronagolf noch net yn sicht
Nederlân sit noch net op de pyk fan de hjoeddeiske coronaweach. Neffens de Europeeske sûnenstsjinst ECDC bliuwt it tal positive testen foarearst omheech gean. De organisaasje berekkenet dat mear as 186.000 Nederlanners nije wike te hearren krije dat se besmet rekke binne.
Yn it minste senario soene der nije wike sels hast 225.000 positive testen wêze kinne. Dat is yn trochsneed hast 32.000 nije gefallen de dei.
12:25
Earste 'coronahelikopter' nei Dútslân
De spesjaal foar coronasoarch ynrjochte traumahelikopter Lifeliner 5 is freedtemiddei út it Zuyderlandziekenhuis yn Heerlen mei in coronapasjint nei Dútslân gien. De pasjint lei op de intensive care yn Heerlen en wurdt nei in sikehûs yn Münster flein.
De helikopterflecht út Heerlen wei is dizze weach de earste fan ferpleatsingen fan coronapasjinten troch de loft út Nederlân nei Dútslân. De helikopter flecht fan Ljouwert ôf yn opdracht fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). De Lifeliner 5 is earder ek al ynset foar ferfier fan coronapasjinten.
12:23
Mear as 5.000 prikken
5.363 Friezen ha de ôfrûne wike in faksinaasje helle. It binne der mear as de wike derfoar, want doe wienen it 4.484. De groei komt foar in part trochdat minsken sûnt foarige wike in boosterprik helje kinne. Der binne yntusken 1.235 boosterfaksinaasjes set.
De GGD hat de ôfrûne wike 24.914 coronatesten ôfnaam by Friezen. Fan al dy testen wie 22,5 prosint posityf. In grutte groep fan dy positive testen komt fan bern tusken de fjouwer en tolve jier.
12:10
Gefaar nije fariant pas oer in tal wiken dúdlik
It gefaar fan de nije coronafariant B1.1.529 is pas oer inkelde wiken hielendal dúdlik, seit de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO). Freedtemiddei oerlizze eksperts fan de WHO oer de mooglike gefaren en oft de fariant al as soarchlik oanmurken wurde moat.
10:40
Húsdokters warskôgje dat allinnich heechstneedsaaklike soarch noch mooglik is
Húsdokters en wykferplegers warskôgje dat troch de groei oan coronabesmettingen allinnich heechstneedsaalike soarch noch mooglik is. Dat meldt de NOS. Se stelle dat de graach yn de húsdokterssoarch en de wykferpleging fluch tanimt, om't hieltyd mear minsken by húsdokters en de wykferpleging oankloppe omdat se mei corona of oare klachten net mear yn in sikehûs of ferpleechhûs telâne kinn.
De Landelijke Huisartsen Vereniging, Verpleegkundigen & Verzorgenden Nederland en brancheferiening Actiz meitsje dat hjoed bekend yn in ferklearring. Neffens harren sette húsdokters en wykferplegers "alles op alles om de hoogstnoodzakelijke zorg goed te blijven verlenen", mar kin dit útslutend troch in part fan de normale soarch út te stellen, net te ferlienen of minder yntinsyf te ferlienen.
10:18
Fryske soarchkoepels stelle bêden beskikber om sikehûzen te ûntlêsten
Fiif Fryske soarchkoepels begjinne in gearwurking foar de opfang fan covid-pasjinten. It moat derfoar soargje dat der mear romte komt yn de sikehûzen om coronapasjinten te behanneljen. Dat hat GGD Fryslân freedtemoarn bekend makke.
Pasjinten dy't mei it coronafirus yn it sikehûs bedarje, bliuwe dêr geregeld lang lizzen, omdat se net gau opknappe. It hat ta gefolch dat der net gau plakken beskikber komme foar nije pasjinten.
10:15
77 coronapasjinten yn Fryske sikehuzen
Yn Fryslân lizze 77 pasjinten yn de sikehûzen, dêr't sechstjin fan op de intensive care lizze. Tongersdei leinen 76 pasjinten yn de Fryske sikehûzen, dêr't sechstjin fan op ic leine.
Yn de trije noardlike provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân lizze byinoar 195 coronapasjinten yn it sikehûs, meldt Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Fan dy pasjinten lizze der 44 op in ic-bêd.
10:09
Ferbod op flechten út súdlik Afrika wei
Flechten út súdlik Afrika wei binne fanwegen noed oer de nije coronafariant fan hjoed 12.00 oere ôf ferbean. Dat seit soarchminister Hugo de Jong. Dêrneist wurde de lannen dêr't it om giet taheakke oan de list fan lannen mei in 'zeer hoog risico'. De passazjiers op flechten dy't út de regio noch ûnderweis binne, wurde op Schiphol test en moatte dêrnei yn karantêne.
09:00
Parsekonferinsje by Omrop Fryslân
Demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge hâlde freedtejûn foar de 38e kear in coronaparsekonferinsje. Der wurdt in tal nije maatregels ferwachte, ûnder oare yn de hoareka en kultuer. De parsekonferinsje set om 19.00 oere útein en is by Omrop Fryslân op de webside en app live te folgjen.
08:39
Europeeske Kommisje wol stop foar fleanferkear súdlik Afrika
De Europeeske Kommisje wol dat der direkt opholden wurdt mei it fleanferkear fan en nei súdlik Afrika fanwegen de dêr ûntdutsen coronamutaasje B.1.1.529. Foarsitter Ursula von der Leyen seit dat de maatregel gau besprutsen wurdt.
07:43
Hoe komt it jûn?
Om 19.00 oere wurdt definityf bekend mei watfoar maatregels it demisjonêre kabinet komt, mar yn Grou ferwachtsje de hoareka en de fuotbalferiening nije maatregelen. Restaurant De Kade bliuwt posityf en by fuotbalklup GAVC hoopje se dat se yn alle gefallen aanst noch traine meie.
07:09
WHO bûcht him oer nije fariant
In spesjale wurkgroep fan de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) bûcht him hjoed oer in nije fariant fan it coronafirus. Dy fariant, mei no noch de namme B.1.1.529, is ûntdutsen yn Súd-Afrika.
De nije fariant hat in soad mutaasjes, wêrtrocht't er him mooglik hiel rap ferspriede kin. It Feriene Keninkryk en Israël ha it reizgjen út Súd-Afrika en omlizzende lannen wei al beheid.
06:51
GGD kin minsken makliker fêst kontrakt jaan
GGD Fryslân hat mei de oare GGD'en de mooglikheid krigen om makliker meiwurkers yn fêste tsjinst oan te nimmen. Dat wie in winsk, omdat se no geregeld guon minsken gean litte. Yn de wet is fêstlein dat meiwurkers nei twa tydlike kontrakten óf in fêst kontrakt krije moatte, óf fuort moatte.
De GGD'en kinne no minsken sûnder neidielige finansjele gefolgen yn fêste tsjinst nimme. As der nei de coronakrisis minder minsken nedich binne, betellet it ministearje in eventuele ûntslachfergoeding. Dat hoege de GGD'en dan net te dwaan.
GGD Fryslân hat it op dit stuit tige drok mei it ôfnimmen fan testen. Ek foar it setten fan de boosterprik binne de meiwurkers mear as wolkom.
06:07
Rekôrtal besmettingen yn ien wike
Yn de ôfrûne sân dagen binne yn Fryslân 6.295 coronabesmettingen fêststeld. Noait leinen de sifers oer ien wike heger. De sân dagen dêrfoar gong it noch om 4.432 besmettingen. Dat is in groei fan 42 prosint.
De GGD Fryslân jout om 12.00 oere in taljochting op de sifers.
06:04
Jûn parsekonferinsje
Demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge hâlde jûn om 19.00 oere foar de 38e kear in coronaparsekonferinsje. Tongersdei hat it demisjonêre kabinet al praat oer nije maatregels, hjoed wurdt fierder praat. Ien fan de opsjes dy't op tafel leit is om de hoareka, bioskopen, teäters en net-essinsjele winkels om 17.00 te sluten.
It Outbreak Management Team hat advisearre om yn alle gefallen it ûnderwiis iepen te litten. It demisjonêre kabinet hat dêr noch gjin beslút oer naam.
06:00
Goeiemoarn!
Wolkom by dit liveblog fan freed 26 novimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.