848 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, twa stjergefallen

25 nov 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 848 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 75 minder as woansdei. Doe waarden 923 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 899 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed noch op 897 besmettingen, in wike lyn op 633.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan Opsterlân en De Fryske Marren.

Der binne fiif Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Eaststellingwerf, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, Waadhoeke en Noardeast-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 22.247. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 22.218.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)