923 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, ien stjergefal

24 nov 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 923 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 48 minder as tiisdei. Doe waarden 971 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It is de fiifde kear dat yn Fryslân op ien dei mear as 900 coronabesmettingen meld binne.

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 897 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed noch op 861 besmettingen, in wike lyn op 611.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Noardeast-Fryslân.

Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en De Fryske Marren.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 23.789. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 22.417.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)