Tal coronabesmettingen yn Fryslân groeit allinnich mar hurder
In wike lyn hie Fryslân foar it earst mear as fjouwertûzen coronabesmettingen yn sân dagen, dizze wike wienen der mear as seistûzen positive tests. It wienen der 6.295, dat is in groei fan 42 prosint yn ferliking mei in wike earder.
Gemiddeld binne der yn Fryslân de ôfrûne wike alle dagen 899 besmettingen by kaam. Ferline wike wie dat trochsneed 633, noch in wike earder 509.
Foar it earst binne yn ien wike mear as 1.000 besmettingen fêststeld yn ien gemeente. It giet om Ljouwert, dêr binne de ôfrûne sân dagen 1.096 besmettingen fêststeld. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (797) en Smellingerlân (613).
Dantumadiel omrekkene wer measte besmettingen
Relatyf leit it tal besmettingen noch hieltyd it heechst yn Dantumadiel. Foar elke 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 1.173 besmettingen fêststeld. Dat is hast gelyk oan in wike lyn. Dêrnei komme Hearrenfean mei 1.165 en Smellingerlân mei 1.092. Foar dy twa gemeenten is dat in behoarlike groei.
Acht stjergefallen, 26 sikehûsopnamen
Yn de ôfrûne wike binne der acht Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Dat binne twa mear as in wike lyn. It giet om twa ynwenners fan de gemeente Noardeast-Fryslân, en ien fan Achtkarspelen, De Fryske Marren, Opsterlân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke.
26 Friezen binne mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Fiif fan har komme út Noardeast-Fryslân, fjouwer út Dantumadiel, Smellingerlân en Waadhoeke.
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Hast 75.000 kear corona fêststeld
Mei de 6.295 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal 74.274 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 513. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
Faksinaasjegraad 79 prosint
De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 79 prosint folslein faksinearre. Lanlik is dat 83,0 prosint.
Yn Achtkarspelen en Dantumadiel is de faksinaasjegraad ûnder 12-plussers it leechst fan alle Fryske gemeenten: 72 prosint. Noardeast-Fryslân sit der krekt wat boppe: 76 prosint.
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.
Tal besmettingen en stjergefallen de wike
| WIKE | BESMETTINGEN | STJERGEFALLEN |
| 19 novimber - 25 novimber | 6.295 | 8 |
| 12 novimber - 18 novimber | 4.432 | 6 |
| 6 novimber - 11 novimber | 3.565 | 2 |
| 30 oktober - 5 novimber | 1.950 | 3 |
| 22 oktober - 29 oktober | 1.603 | 3 |
| 15 oktober - 21 oktober | 1.119 | 2 |
| 8 oktober - 14 oktober | 779 | 1 |
| 1 oktober - 7 oktober | 502 | 0 |
| 24 septimber - 30 septimber | 530 | 0 |
| 17 septimber - 23 septimber | 598 | 0 |
| 10 septimber - 16 septimber | 876 | 1 |
| 3 septimber - 9 septimber | 988 | 1 |
| 27 augustus - 2 septimber | 755 | 0 |
| 20 augustus - 26 augustus | 737 | 0 |
| 13 augustus - 19 augustus | 547 | 1 |
| 6 augustus - 12 augustus | 535 | 2 |
| 30 july - 5 augustus | 589 | 2 |
| 23 july - 29 july | 838 | 1 |
| 16 july - 22 july | 1.471 | 1 |
| 9 july - 15 july | 1.474 | 1 |
| 2 july - 8 july | 232 | 0 |
| 25 juny - 1 july | 69 | 1 |
| 18 juny - 24 juny | 89 | 0 |
| 11 juny - 17 juny | 136 | 1 |
| 4 juny - 10 juny | 267 | 1 |
| 28 maaie - 3 juny | 540 | 0 |
| 21 maaie - 27 maaie | 674 | 2 |
| 14 maaie - 20 maaie | 927 | 3 |
| 7 maaie - 13 maaie | 1.129 | 3 |
| 30 april - 6 maaie | 1.177 | 4 |
| 23 april - 29 april | 1.358 | 4 |
| 16 april - 22 april | 1.505 | 1 |
| 9 april - 15 april | 1.470 | 6 |
| 2 april - 8 april | 1.533 | 4 |
| 26 maart - 1 april | 1.651 | 7 |
| 19 maart - 25 maart | 1.666 | 10 |
| 12 maart - 18 maart | 1.611 | 10 |
| 5 maart - 11 maart | 1.180 | 16 |
| 26 febrewaris - 4 maart | 1.162 | 19 |
| 19 febrewaris - 25 febrewaris | 1.350 | 21 |
| 12 febrewaris - 18 febrewaris | 1.129 | 39 |
| 5 febrewaris - 11 febrewaris | 1.207 | 41 |
| 29 jannewaris - 4 febrewaris | 1.181 | 30 |
| 22 jannewaris - 28 jannewaris | 1.310 | 29 |
| 15 jannewaris - 21 jannewaris | 1.592 | 20 |
| 8 jannewaris - 14 jannewaris | 1.529 | 18 |
| 1 jannewaris - 7 jannewaris | 1.697 | 17 |
| 25 desimber - 31 desimber | 1.644 | 19 |
| 18 desimber - 24 desimber | 1.804 | 5 |
| 11 desimber - 17 desimber | 1.384 | 6 |
| 4 desimber - 10 desimber | 974 | 4 |
| 27 novimber - 3 desimber | 703 | 9 |
| 20 novimber - 26 novimber | 672 | 13 |
| 13 novimber - 19 novimber | 720 | 17 |
| 6 novimber - 12 novimber | 561 | 6 |
| 30 oktober - 5 novimber | 838 | 8 |
| 23 oktober - 29 oktober | 926 | 9 |
| 16 oktober - 22 oktober | 1.051 | 5 |
| 9 oktober - 15 oktober | 1.160 | 2 |
| 2 oktober - 8 oktober | 666 | 0 |
| 25 septimber - 1 oktober | 515 | 0 |