'Beskerme status Waadsee jout mooglikheden tsjin kontenerramp'
De provinsje Fryslân moat him yn Den Haag sterk meitsje om mear te dwaan tsjin ûnfeilige kontenerfeart boppe de Waadeilannen. Dat sizze de Steatefraksjes fan PvdA, GrienLinks, SP en Partij voor de Dieren.
Ferline wike sei de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OvV) dat it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat de measte oanbefellings fan dyselde ûndersyksried opfolget, mar dat der ek romte is foar ferbettering.
Beskerme status
Sa kin de minister neffens it OvV mear dwaan mei de spesjale beskerme status fan it Waad as dat se sels seit. Fierders kin it ministearje de kontenerfeart bygelyks foar in part beheine, rûtes oanbefelje of ferkearsbegelieding jaan.
Jaap Stalenburg
Der is wol faker pleite foar mear foech foar de Kustwacht seit PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg. Dat wurdt hieltyd ofwiisd fanwege ynternasjonale ôfspraken.
By stoarm oare rûte opstjoere
De Kustwacht mear foech jaan betsjut konkreet dat as in kontenerskip by stoarmwaar yn de buert fan de Waadsee komt, de Kustwacht twingend in oare rûte oplizze kinne.
We moeten alles doen om een tweede containerramp voor de kust van de Waddeneilanden te voorkomen.
It belied oant no ta hat altyd west: earst ynternasjonaal prate en dan fierder sjen. Neffens de ûndersyksried foar de feiligens is der wol deeglik romte foar eigen maatregels. Stalenburg: "Minister, dring erop aan dat die maatregelen worden genomen. We moeten alles doen om een tweede containerramp voor de kust van de Waddeneilanden te voorkomen."
Oer de holle sjoen
Stalenburg tinkt dat it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu de spesjale beskerme status fan it Waadgebiet altyd oer de holle sjoen hat. Dêrom is dit noch net earder nei foaren kommen. Dit kin in oanknopingspunt wêze om wol mei dy fiergeande maatregels te kommen, dêr't troch de Waadeilannen en troch Fryslân al hiel lang om frege wurdt.
Yn petear gean mei minister
Deputearre Steaten moatte oer dizze saak sa gau as mooglilk yn petear gean mei minister Barbara Visser fan Ynfrastruktuer en Miljeu, fine de steatefraksjes fan de PvdA, GrienLinks, SP en Partij voor de Dieren.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe, ferlear begjin jannewaris 2019 yn totaal 342 konteners yn see. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun.
Sjoch foar mear berjochten oer de kontenerramp op ús dossierpagina.