Kontenerrampen

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 yn totaal 342 konteners ferlern. Dit barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun.

In jier letter gong it mis mei de OOCL Rauma, dat sân konteners ferlear boppe Skylge en It Amelân. En begjin april 2021 rekken ferskate kontenerskippen yn de problemen, lykas de Escape en de Baltic Tern. Dy lêste ferlear fiif konteners.

Al it nijs hjiroer is werom te finen op dizze dossierpagina.

(Advertinsje)

Mear nijs oer Kontenerrampen

Pagina's