Omrop Fryslân

Ministearje kin mear dwaan mei oanbefellings út MSC Zoe-ûndersyk

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat folget de measte oanbefellings fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid nei de kontenerramp mei de MSC Zoe op. Der bliuwt lykwols wol romte foar ferbettering. Dat lit de ûndersyksried witte.
Frijwilligers en militêren romje it strân fan Skiermûntseach op nei de kontenerramp
© Omrop Fryslân/Remco de Vries
Sa kin de minister fan Ynfrakstruktuer en Wettersteat mear dwaan mei de spesjale beskerme status fan it Waad as dat se sels seit: de ûndersyksried wiist derop dat der neffens de International Maritime Organisation (IMO) fan de Feriene Naasjes romte is om folle fiergeandere maatregels te treffen as wat neffens it ministearje mooglik is.
Dan giet it om beheinings, oanbefelle rûtes of ferkearsbegelieding. Neffens de ûndersyksried kin it ministearje syn ynset dêrop noch fersterkje by de IMO.
Nei dy ferkearsbegelieding rint ek noch in ûndersyk fan it ministearje. Earder hat it ministearje wol witte litten de help fan Denemarken en Dútslân nedich te hawwen foar strangere regels en dat dy sa fier net gean wolle.

Kustwacht

Boppedat is der formeel noch neat regele as it giet om ekstra kapasiteit en jild foar de Kustwacht om kontenerskippen te begelieden boppe de Waadsee. Dat moat no noch mei de besteande kapasiteit gebeure.
Foardat dêr in beslút oer falt, wachtet it ministearje noch op in ûndersyk fan de ynfloed fan saneamd 'grien wetter' op feederskippen: in lytser soarte skippen dat konteners ferfiert.
Yn alle gefallen duorret it lang foardat ynternasjonaal saken better regele binne, mar op de measte punten folget it ministearje de oanbefellings dus op.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe, ferlear begjin jannewaris 2019 yn totaal 342 konteners yn see. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun.
Sjoch foar mear berjochten oer de kontenerramp op ús dossierpagina.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.