Hearrenfeantrainer Veldman wol mear as sânde plak: "Die plekken boven ons blijven aanvallen"
In "fijne overwinning" en "belangrijke punten" binne de oerhearskjende gedachtes by sc Hearrenfean nei de winst tsjin Fortuna Sittard (2-1). De Friezen dienen sneon goeie saken foar de play-offs.
Trainer Robin Veldman hat syn sinnen set op Europeesk fuotbal en wol mear as it sânde as achtste plak. "Ik wil die plekken boven ons blijven aanvallen, in die mindset wedstrijden blijven spelen", seit er.
Hy is bliid mei de oerwinning yn it Abe Lenstra Stadion. "Gezien het spelbeeld was het terecht denk ik, ook op basis van balbezit. Ondanks dat het nog spannend werd op het eind."
Robin Veldman wol nei oerwinning op Fortuna "plekken boven ons blijven aanvallen"
Hearrenfean hie gjin dreamstart tsjin Fortuna, want nei tsien minuten kaam Fortuna op foarsprong troch in goal fan Philip Brittijn. Hy helle hurd út en Bernt Klaverboer wie kânsleas.
Dochs kaam it Feanster antwurd gau fan de fuotten fan Ringo Meerveld. Hy krige de foarset fan Jacob Trenskow en tikke fiif minuten letter de bal oan de oare kant fan it fjild binnen.
Efterstân en dochs noch winne
"Je komt achter in de eerste helft, maar we reageren snel met de gelijkmaker", seit Veldman. "Het is niet veel clubs gegeven om op achterstand te komen tegen Fortuna en dan nog te winnen."
"De tien minuten voor rust waren heel chaotisch, we verloren veel ballen en ik zat onrustig op de bank. Maar na rust hebben we heel lang gedomineerd, met de goal van Marcus."
Dêrmei doelt er op de winnende treffer fan Marcus Linday yn de 73e minút. Nei in goeie oanname spile er de bal troch de fuotten fan tsjinstanner Justin Hubner en tikke hy de bal binnen.
Earste goal yn rom in jier
Dit wie foar de Sweedske middenfjilder sels in ferrassing. "Ik skoar nea", laket er.
"Ik wie der ek troch ferrast. In goede oanname en ik stie frij. De bal kaam fan bûten, en ik besocht him nei binnen te spyljen. It wie in moaie goal."
De lêste kear dat Linday skoarde, wie yn maart 2025. Dizze goal is neffens him it bewiis dat er de lêste tiid better spilet.
"Ik tink dat ik dit seizoen net goed begûn bin", sa seit Linday. "Mar hoe fierder we komme yn it seizoen, hoe mear ik deryn groei. Ik besykje better te wurden."
Marcus Linday skoarde foar it earst sûnt goed in jier: "Ik wie ek ferrast"
Hy fûn it optreden fan syn ploech wikseljend. "It team hie muoite yn de earste helte, Fortuna wie dêr mear oan de bal. Mar de twadde helte wie folle better. Ik fyn dat we de winst fertsjinnen."
De middenfjilder wol noch net foarútrinne op de play-offs. "We besjogge it per wedstriid. We ha no in goede posysje, dus we sjogge wol wat der bart."
Sa heech mooglik einigje
Sa tinkt syn ploechgenoat Maas Willemsen der ek oer. "Deze overwinning is heel belangrijk richting de play-offs. We staan er nu goed voor, want we willen zo hoog mogelijk eindigen."
"Deze wedstrijd was misschien zwaarder dan het had kunnen zijn. We waren soms slordig en dan kom je snel in omschakelmomenten. Maar we hebben bij vlagen best aardig gevoetbald en in de tweede helft goed verdedigd."
Maas Willemsen nei duel tsjin Fortuna: "Zwaarder dan hij had kunnen zijn"
Yn de spannende slotfaze, sa't Veldman it omskreau, foel noch in reade kaart foar Ivo Pinto nei in domdryste tackle op Luca Oyen.
"De rode kaart was een correcte beslissing van de scheidsrechter", seit Willemsen. "Ik ben blij dat Luca fit is gebleven, dat is het belangrijkste."
Hy bliuwt kritysk op it spul. "Luca moest eigenlijk inhouden. Maar goed, hij leeft nog."
Karakter yn 'e groep
"Over een langere periode zie je het karakter in deze groep", seit Willemsen. "We vechten met elkaar ergens voor en dat beleef je ook op het veld. Dat is echt fantastisch."
"We hebben nog drie mooie wedstrijden. Dat zijn geen makkelijke, want zij spelen ook ergens voor. Maar dat worden hopelijk mooie potjes, we willen zo veel mogelijk punten halen."
Noch trije wedstriden
Maxence Rivera foel yn de earste helte út mei in hamstringblessuere. "Wat hij precies heeft, is nog niet bekend. Het is even afwachten hoe het morgen is", seit Veldman.
Hearrenfean profitearret fan de ferliezen fan Sparta en FC Grins en klimt nei it sânde plak yn de earedivyzje. De Friezen hawwe noch trije wedstriden te gean tsjin Volendam, NAC Breda en Ajax.