Liveblog
|
25 april
sc Hearrenfean rekkenet ôf mei Fortuna Sittard en set grutte stap rjochting play-offs (2-1)
sc Hearrenfean is der sneontejûn yn slagge Fortuna Sittard te ferslaan mei 2-1 en pakt wichtige punten foar de play-offs. Troch de ferliezen fan Sparta en FC Groningen gean de Friezen omheech nei plak sân yn de earedivyzje.
Lês hjir it blog oer de wedstriid werom.
Lêst bywurke: 25 april, 20:45
20:45
Belangrike trije punten bliuwe yn Fryslân
sc Hearrenfean hat sneontejûn thús Fortuna Sittard ferslein mei 2-1 en pakt trije belangrike punten rjochting de play-offs.
Nei tsien minuten kaam de wedstriid op dreef, doe't de iepeningstreffer foel fan de gastploech.
Philip Brittijn helle hurd út rjochting it Fryske doel. De fingertoppen fan Bernt Klaverboer rekken de bal noch oan, mar dochs fleach de bal nei binnen.
It antwurd fan Meerveld
Gjin panyk, want in pear minuten letter tikke Ringo Meerveld de bal oan de oare kant binnen nei in foarset fan Jacob Trenskow.
Nei in pear kânsen oer en wer grypte Maxence Rivera nei syn hamstring nei in koarte sprint. Hy ferliet blessearre it fjild en Luca Oyen naam it stokje fan him oer.
De twadde helte gie fierder mei in stoartfloed oan kânsen, benammen foar de thúsploech. Mar de 1-1 bleau noch lang stean.
Doe kaam Hearrenfean yn de 73e minút dochs noch op foarsprong. Net troch Lasse Nordås, dy't tal fan kânsen krige, mar Marcus Linday.
Foarsprong troch Linday
Hy naam de bal soepel oan, spile de bal troch de fuotten fan Justin Hubner en skeat de bal lâns keeper Luuk Koopmans. De earste goal sûnt maart 2025 foar de Sweedske middenfjilder.
Yn de slotfaze wie Fortuna hurd op syk nei de lykmakker. Ek ynfaller Ivo Pinto, dy't mei beide skonken hurd op Oyen yn trape en dêrfoar in reade kaart krige.
Fortuna slagge der úteinlik net mear yn om te skoaren en giet mei lege hannen werom nei it suden. sc Hearrenfean profitearret fan de ferliezen fan Sparta en FC Grins en klimt nei plak sân yn de earedivyzje.
20:42
90+6' Hearrenfean wint!
Nei in spannende slotfaze wint sc Hearrenfean fan Fortuna Sittard mei 2-1!
20:42
90+5' Noch efkes troch
De ekstra tiid wurdt seis minuten.
20:39
90+3' Keeper nei foaren
Keeper Koopmans giet ek mei nei foaren rjochting it Fryske doel, op oanwizing fan de trainer.
20:38
90' Ekstra tiid
Der komme fiif minuten ekstra by de twadde helte.
20:36
89' Reade kaart!
Ivo Pinto fljocht mei twa skonken op Luca Oyen en krijt in reade kaart foar dizze stevige oertrêding.