Omrop Fryslân

Sam Kersten: "Een nieuwe stap zou mooi zijn, maar het hoeft niet"

Sam Kersten nei syn goal tsjin Excelsior
© Orange Pictures
Hy wurdt miskien wol wat ûnderwurdearre, mar spile twa seizoenen lang hast alles by Hearrenfean. Hy is no 28 jier, loyaal oan Hearrenfean, mar as der wat foarby komt, sjocht Sam Kersten in bûtenlânsk aventoer wol sitten.
Lit it dúdlik wêze. Hoe hoecht net fuort. Hy wol ek net perfoarst fuort. En hy hat nei dit seizoen noch in kontrakt foar in jier en de klup kin dat kontrakt noch wer mei in jier ferlingje.
"Maar ik ben wel benieuwd naar hoe het is om in een andere competitie te spelen."

Fan Oss nei Den Bosch nei Fryslân

Kersten is opgroeid yn it Brabânske Ravenstein. In doarp tusken Oss, Nijmegen en Den Bosch. Hy fuotballe dan ek foar TOP Oss, NEC en FC Den Bosch.
Syn langste perioade, fan 2011 oant 2019, fuotballe er foar FC Den Bosch. Dêrnei spile er fiif jier yn Zwolle en no is er dwaande mei syn twadde seizoen yn Fryslân.
"Toen ik bij NEC voetbalde had ik een seizoenskaart van NEC, maar later voetbalde ik voor Den Bosch en dan word je Den Boschsupporter. Maar ik moet zeggen dat ik dat nu ook heb met PEC Zwolle, omdat ik daar vijf jaar heb gespeeld."
Sam Kersten
© Orange Pictures
Kersten is no dwaande oan syn twadde seizoen by Hearrenfean. It earste seizoen spile hy sa goed as alles. Ek dit seizoen kaam hy yn 27 fan de 30 kompetysjewedstriden yn aksje.
Dochs wie hy efkes syn basisplak kwyt. Kersten seach dat Joris van Overeem syn plak sintraal yn de ferdigening oernaam yn de thúswedstriid tsjin NEC, ôfrûne septimber. Kersten wie skorst. Ta syn eigen frustraasje wie hy syn basisplak fjouwer wedstriden efterinoar ynienen kwyt.

Underwurdearring

Mar no hat gjinien it mear oer Van Overeem yn de ferdigening. Kersten spilet flaterleas, mar dochs wurdt der net faak oer him praat. Fielt er him miskien somtiden ûnderwurdearre?
"Misschien van buitenaf wel. Binnen de klup en het team niet niet. Daar voel ik het heel erg. Maar buiten de club heb ik dat wel een beetje."
Net foar it earst trouwens. "Ik had dat bij Zwolle ook wel een beetje. Ik heb altijd gespeeld. Ik lees weleens wat op social media. Het is niet dat ik ernaar zoek, maar dan lees je wel eens wat. Dan voel ik niet altijd de waardering die ik bij de club wel voel. Het is wel eens vervelend om te lezen, maar je leert er ook beter mee omgaan."
Sam Kersten skeat Hearrenfean nei de oerwinning tsjin Excelsior
© ANP
Dochs hat er noait echt oerwage social media fan syn telefoan te smiten. "Vorig jaar zat ik eens naast de trainer in het vliegtuig. Met Robin van Persie. Dan baal je eerst even. Je moet dan toch een uur vol lullen. Maar toen ging het ook over social media. Hij kon dat heel makkelijk van zich af laten glijden."

Bliuwe of in aventoer?

Kersten syn kontrakt rint noch oant 2027. De klup hat dan in opsje om it in seizoen te ferlingjen.
"Ik heb nu zo'n tien jaar in Nederland gespeeld. Dus ja, ik zou nog wel eens in het buitenland willen kijken. Ik ben gewoon heel benieuwd hoe het is om in een andere competitie te spelen. En hoe het is om in het buitenland te wonen."
Mar it is net sa dat hy no der alles oan dwaan wol om fuort te gean. "Mijn zaakwaarnemer heeft het wel bij de club aangegeven, maar als je er niks komt, blijf ik net zo graag. Ik heb het hier goed naar mijn zin."
Sam Kersten
© Orange Pictures
Hearrenfean stiet no dield sânde yn de kompetysje.
"Ik heb een redelijk seizoen. Ik denk dat we als team stabiel zijn. Daar heb ik wel baat bij. Ik denk ook dat we een sterkere selectie hebben. En dat er meer rust is."
Sneon spilet Hearrenfean tsjin Fortuna Sittard, dêrnei folgje noch trije wedstriden. It seizoen kin dan klear wêze, direkt Europeesk fuotbal is ek noch mooglik. It heljen fan de play-offs is it meast realistysk.
"Ik denk dat we voor een thuiswedstrijd moeten gaan in de play-offs. En dat is ook haalbaar. En dan denk ik dat de kans op het halen van Europees voetbal 50/50 is."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.