Omrop Fryslân

Utfiner Richard makket syn eigen enerzjy

Utfiner Richard makket syn eigen enerzjy
Syn húskeamer is syn wurkplak seit RIchard de Weerd fan Boarnburgum. Dy stiet en leit dan ek fol mei kompjûters, stekkers en oare elektroanika.
De Weerd helpt oare minsken dy't problemen hawwe mei elektryske apparaten, mar is ek dwaande mei alternative foarmen fan enerzjy opwekjen.
De enerzjy dy't de sinnepanielen op syn garaazje opleverje, slacht hy op yn grutte frachtweinakku's. Dêr hat hy sels omfoarmers foar boud. It hiele hûs kin dêrmei fan stroom foarsjoen wurde.

Wetterstofgas

Fierder is de útfiner in gasgenerator oan it bouwen om wetterstofgas te produsearjen. Dêr kin hy dan wer de ferwaarmingstsjettel op brâne litte. Mar dat is noch yn it proefstadium.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.