Fryske Akademy driget troch it iis te sakjen

13 sep 2019 - 18:44

De Fryske Akademy yn Ljouwert driget troch in krityske ûndergrins te sakjen. Dat wie freed it sombere boadskip fan direkteur Willem Smink op de 81e Akademydei yn Ljouwert. By de Akademy wurkje noch mar sa'n 20 wittenskippers en der is in fakatuerestop fanwege jildkrapte.

De seal siet goed fol op de 81e Akademydei - Foto: Omrop Fryslân

De produksje fan de Akademy yn de foarm fan artikels, oare publikaasjes en kongressen sil dêrtroch takommend jier in stik lytser wêze. "It giet no echt hiel hurd achterút", fertelde Smink. "Der ha noch noait sa'n bytsje wittenskippers by de Akademy wurke as no."

De Fryske Akademy is yn ôfwachting fan in foarstel fan de provinsje Fryslân foar de takomst fan de Fryske Akademy. Dat foarstel moat net te lang op him wachtsje litte, want oars wurdt it neffens direkteur Smink in poepetoer om in slutende begrutting te meitsjen foar 2020.

De Akademy kampt mei in struktureel tekoart fan 350.000 euro yn it jier en wol dêrfoar besunigje yn de 'overhead' fan de organisaasje. Om fluch hannelje te kinnen is Smink al drok dwaande mei it tarieden fan de reorganisaasje. "We binne al drok yn petear mei ús ûndernimmingsried."

Spannende perioade

De kommende wiken binne bysûnder spannend foar de Akademy en ek foar Smink sels. "Sakje we troch in krityske ûndergrins of bliuwe we in wittenskiplik ynstitút fan goed nivo? Dat is wat er op it spul stiet", sei Smink yn syn taspraak op de Akademydei. Yn syn fyzje giet it om neat mear en neat minder as it oereinhâlden fan de Frisistyk, de wittenskip fan en yn it Frysk en alles wat der mei anneks is.

"Ofsjoen fan Grins dogge de Nederlânske Universiteiten dêr hieltiid minder oan. Dat betsjut eins dat wy as Akademy mear dwaan moatte soene yn plak fan minder."

Foto: Google Maps

Yn de ferline wike iepenbier makke rapporten oer de Fryske Akademy wurdt pleite om de Akademy folle mear oparbeidzje te litten mei oare organisaasjes op it mêd fan kennis en wittenskip, lykas de Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins en hegeskoalle NHL Stenden.

"Wy binne der al mei dwaande en wolle dat graach noch mear. Mar om goed gearwurkje te kinnen, moatte wy earst ús eigen problemen oplosse. Mei jildpine en reade sifers binne wy gjin oantreklike partner", seit Smink dêr oer.

Smink pleite fierder foar it ûntwikkeljen fan in mienskiplike Fryske ûndersyksaginda as basis foar mear gearwurking op wittenskiplik mêd.

Direkteur Willem Smink op de Akademydei

(advertinsje)
(advertinsje)