KNAW-foarsitter: provinsje moat rap beslute oer takomst Fryske Akademy

13 sep 2019 - 06:46

De provinsje Fryslân moat gau besluten nimme oer de takomst fan de Fryske Akademy. Dat seit professor Wim van Saarloos fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen, de KNAW. De Fryske Akademy hat al in skoft te krijen mei strukturele tekoarten en moat reorganisearje om de holle boppe wetter te hâlden.

Foarsitter Wim van Saarloos fan de KNAW - Foto: Bram Saeys

Foar sa'n operaasje hat de Akademy meiwurking nedich fan de provinsje én fan de KNAW, want dy binne no noch tegearre baas oer de Fryske Akademy. Neffens twa rapporten oer de Fryske Akademy is it better dat it ynstitút yn de takomst allinnich troch de provinsje oanstjoerd wurdt.

Van Saarloos is it fan herte mei dy oanbefelling iens, mar soe wol graach sjen dat de Akademy ek yn 'e takomst oan de KNAW liearre bliuwt. "Wij zitten op te veel afstand om de Akademy effectief te kunnen aansturen. Het is een misverstand om te denken dat we dat deden." Mar mei wittenskiplike gearwurking lykas it hifkjen fan de wittenskiplike kwaliteit en wittenskiplike advizen wol de KNAW graach trochgean, sa lit Van Saarloos witte.

Bliid mei rapporten

De KNAW is bliid mei de twa rapporten oer de Fryske Akademy, dy't ferline wike iepenbier makke binne troch de provinsje Fryslân. It giet om in rapport fan buro Gateway en om in twadde rapport fan in spesjaal troch de provinsje ynstelde taskforce. Ien fan de wichtichste advizen út dy rapporten oan de provinsje is om op koarte termyn fiif ton frij te meitsjen foar de needsaaklike reorganisaasje fan de Akademy.

Van Saarloos lit wite dat er him wol fine kin yn de rapporten en de oanbefellingen. "Het is nu vooral belangrijk dat er snel besluiten worden genomen. Deze onzekere situatie bij de Fryske Akademy duurt eigenlijk al veel te lang." De KNAW is ek fan betinken dat de Akademy op it mêd fan wittenskip en kennis folle mear oparbeidzje moatte soe mei ûnder oare Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins. "Bundeling van de krachten is het beste wat je in zo'n situatie kan doen. Als dat lukt gaat de Fryske Akademy een goede toekomst tegemoet en kun je ook weer jong talent aantrekken."

Minderheidstalen

Neffens de KNAW is de Fryske Akademy net allinnich fan belang foar Fryslân. "De Akademy loopt voorop met onderzoek naar minderheidstalen. Dat is op heel veel plekken in de wereld een belangrijk thema. Daar liggen zeker kansen."

De Fryske Akademy fiert freedtemiddei har 81e jierdei op de jierlikse Akademydei. Dêr komt ûnder oare direkteur Willem Smink oan it wurd oer de takomst fan it ynstitút. De provinsje Fryslân krige ferline wike it advys om op koarte termyn fiif ton frij te meitsjen foar de reorganisaasje fan de Akademy, mar hat dêroer noch gjin beslút nommen. Deputearre Avine Fokkens liet ferline wike wol wite dat se besykje sil, om sa gau mooglik in útstel nei Provinsjale Steaten te stjoeren.

Wim van Saarloos fan de KNAW is posityf oer de rapporten dy't oer de Fryske Akademy skreaun binne

(Advertinsje)
(Advertinsje)