8071 dagen: nea earder hat Fryslân salang sûnder Alvestêdetocht sitten

08 feb 2019 - 18:17

It is freed leafst 8071 dagen lyn dat der foar it lêst in Alvestêdetocht hâlden waard, op 4 jannewaris 1997. Noch nea earder hat Fryslân salang sûnder sitten. It âlde rekôr stie op 8070 dagen, tusken de tochten fan 18 jannewaris 1963 en dy fan 21 febrewaris 1985.

Nei goed 21 winters sûnder Alvestêdetocht wie it yn 1985 en 1986 wol wer safier. Sân jier lyn, yn 2012, wiene wy tichteby in wedstriid by de alve Fryske stêden del, mar it feest gie net troch.

Foto: Argyf

Healwei jannewaris waard it boek '8070 Dagen - Wachten op de Elfstedentocht' fan sporthistoarikus Jurryt van de Vooren noch presintearre. Dat giet oer de langste perioade sûnder Alvestêdetocht.

Henk Angenent en Klasina Seinstra, de winners fan dy lêste edysje, namen op de presintaasje it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ald-rayonhaad Auke Hijlkema makke de lêste trije Alvestêdetochten mei as bestjoerslid. Hy wie dat 34 jier en besocht yn 2012 alles op alles te setten om de rûte klear te krijen. Neffens Hijlkema wie it lykwols terjochte dat de tocht doe net troch gie. De Luts wie eins it meast swakke punt, seit Hijlkema. "Ik wie sels ek noch troch it iis sakke op de mar. Der siet in wek, dêr siet snie oerhinne en dan sjochst it net mear. Dus we stappe derop en we geane yn ien kear, hupsakee, rjochtstreeks nei ûnderen ta."

Ald-rayonhaad Auke Hijlkema

Trefwurden: 
Fryslân Alvestêdetocht
(advertinsje)
(advertinsje)