Al 8070 dagen gjin Alvestêdetocht... reden foar in boek

8.070 dagen gjin Alvestêdetocht... as de 'Tocht der tochten' net foar 8 febrewaris dit jier hâlden wurdt, dan ha wy de langste perioade meimakke sûnder Alvestêdetocht. Dat wie ynspiraasje foar it boek '8070 Dagen - Wachten op de Elfstedentocht' fan sporthistoarikus Jurryt van de Vooren.
8070 dagen gjin Alvestêdetocht
Op 4 jannewaris 1997 wie de lêste Alvestêdetocht. It is dus al 22 jier lyn dat Henk Angenent en Klasina Seinstra dy tocht wûnen. Sy ha dêrom it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst naam.

Tradysje

"Het boek verhaalt de verteltraditie van het Friese schaatsen en de Elfstedentocht, dat van generatie op generatie werd beleefd en doorverteld", leit skriuwer Jurryt van de Vooren út. "Iedereen schreef over zijn belevenissen tijdens de tocht, maar die traditie lijkt vergeten. In het boek zie je lijnen door de geschiedenis.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries

Spegel fan de tiid

"In 1917 werd de tocht voor het eerst op film vastgelegd, in 1933 was de tocht op radio te horen, in 1954 te zien op televisie en in 1963 live op televisie te zien en in 1985 live op televisie van de eerste tot en met de laatste seconde. Elke tocht is zo dus spiegel van zijn eigen tijd. Als er nu een tocht zou komen, wordt daarvan verslag gedaan op sociale media via Twitter en Facebook. Dan kun je de tocht dus per seconde vertellen. Persoonlijke verhalen horen bij de Elfstedentocht."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Willem de Vries praat mei de skriuwer fan it boek
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Willem de Vries praat mei Wiebe Wieling, foarsitter fan feriening De Friesche Elf Steden
By de presintaasje wienen ek de 88-jierrige Reinier Paping, Alvestêdewinner fan 1963, en Wiebe Wieling, foarsitter fan de feriening De Friesche Elf Steden oanwêzich. "8.070 is eins in te grut getal. At je it sa stean sjogge, tinke je wol: ferrek, dat bin wol in soad dagen", seit Wieling. "En ast sjochst hoefolle minsken meidien hawwe, hoefolle ferhalen binne der dan wol net fan te meitsjen?"
Wieling hat sels fansels ek moaie ferhalen. "De tocht fan 1986 ha ik mei myn frou riden. Om dat tegearre te dwaan, tegearre it tsjuster yn te gean, hat in prachtige belevenis west."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Henk Angenent naam it earste boek yn ûntfangst
"Het boek geeft wel aan wat voor impact een Elfstedentocht heeft, ondanks dat 'ie zo weinig is gereden. Dat laat zien dat het iets heel bijzonders is", fertelt âld-winner Henk Angenent. "Als ik kijk naar wat ik tot nu toe van het boek gelezen heb, zitten er hele mooie en interessante verhalen in."
No soene marathonriders minder fertrouwe op waarmodellen en oars nei foarspellings sjen. Angenent: "Mijn gevoel zegt dat we 'm ergens tussen '22 en '25 gaan rijden. Het is nog even geduld hebben, maar ik hoop echt dat 'ie gereden gaat worden."
It boek is tiisdei presintearre yn it Eerste Friese Schaatsmuseum yn Hylpen en is ferskynd by útjouwer Edicola Publishing.