590 nije coronabesmettingen en twa stjergefallen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 590 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 384 minder as tiisdei. Doe waarden 974 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 846 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 892 besmettingen, in wike lyn op 896.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan Ljouwert en Waadhoeke. Acht Friezen binne mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 18.588. Dat sifers is kleure troch in steuring. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 21.422.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.