974 nije coronabesmettingen en twa stjergefallen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 974 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 134 minder as moandei. Doe waarden 1.108 besmettingen meld. Troch in korreksje as gefolch fan in steuring is it oantal besmettingen moandei heger útfallen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 892 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed ek op 892 besmettingen, in wike lyn op 860.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan Flylân en Súdwest-Fryslân.
Der binne fiif Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert (twa), Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Súdwest-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 22.199. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 22.165.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.