Sherida Spitse efkes werom yn Fryslân: "Ik dacht in Noorwegen soms: wat doe ik hier nog?"

06 feb 2021 - 15:03

Sherida Spitse is nei trije seizoenen yn Noarwegen wer werom op Nederlânske boaiem. De fuotbalster fan Snits naam it freedtejûn yn de kwartfinale fan de KNVB Beker yn Nijehoarne op tsjin de froulju fan SC Hearrenfean. Gewoanwei soe de famylje dêr fansels bywêze, mar dat koe no net. "Dus dan doen we het zonder. Maar goed, ze kunnen het zien met de livestream. Dus dat is mooi", seit Spitse foarôfgeand oan de wedstriid.

Sherida Spitse werom yn Fryslân

De Friezinne spile de ôfrûne trije seizoenen yn Noarwegen by Valerenga IF en waard mei dy klup yn it ôfrûne jier sels kampioen. Mar dochs wie se dêr net mear gelokkich. "In maart kwam de corona en toen ben ik heel even thuis geweest. Ik ben eigenlijk nooit thuis, dus dat vond ik wel fijn. Daarna ga je weer naar Noorwegen en toen keek ik soms uit het raam en toen dacht ik wat doe ik hier nog", seit Spitse.

De rekôrynternasjonal fan it Nederlânske alvetal makke dêrom de oerstap nei Ajax. "Het plezier in het spelletje was een beetje weg en ook het missen van mijn familie was er. Dan is de keuze heel makkelijk, dan kan ik het wel roepen de hele tijd maar dan vind ik dat ik er ook iets aan moet doen", seit de fuotbalster. "Ik ben heel blij en trots dat ik nu bij Ajax speel."

Snits

Spitse wint mei har nije team úteinlik mei 2-1 fan Hearrenfean. "Dat is mooi. Een lekkere wedstrijd wel met een aantal goede momenten, maar ook een aantal momenten dat het beter kon. Maar we zijn door en dat is het belangrijkste."

Wannear komt Spitse no wer werom nei Fryslân? "Dat gaan we zien. M'n ouders wonen er nog steeds en m'n broertje en zus. We komen zeker nog wel in Friesland. Vooral in Sneek", laket Spitse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)