Froulju Hearrenfean bekerje net fierder nei ferlies tsjin Ajax

De froulju fan SC Hearrenfean lizze út it bekertoernoai. Op it eigen fjild ferlearen se de kwartfinale mei 2-1 fan Ajax.
Coach Roeland ten Berge
Flak foar de ein fan de earste helte kamen de Amsterdammers op foarsprong troch in doelpunt fan Marjolein van de Bighelaar. Se skeat de bal mei in bôge oer de keeper, yn de fiere hoeke.
Yn de 57ste minút kaam Hearrenfean op likense hichte. Tiny Hoekstra waard djip stjoerd en skeat de bal yn de fiere hoeke. Goed tsien minuten letter stie Ajax alwer foar. Nikita Tromp skeat fan in meter of 20 de bal yn de touwen.
Ien fan de bêste fuotbalsters dy't Fryslân oait hân hat, stie by Ajax yn de basis. Se spile earder yn it bûtenlân. Omrop Fryslân hat har de hiele wedstriid folge. Letter dit wykein publisearje we in reportaazje oer Sherida Spitse fan Snits.
© Orange Pictures