Fryske FVD-fraksje splitst him ôf en giet fierder ûnder nije namme

09 des 2020 - 00:01

De Fryske Steateleden fan Forum voor Democratie geane fierder ûnder in nije namme: Onafhankelijke Statenfractie Fryslân. Se dogge dat nei de opskuor fan de ôfrûne wiken binnen de partij.

Fryske FVD-fraksje splitst him ôf en giet fierder ûnder nije namme

In soad lanlike, Europeeske en regionale politisy gongen de Fryske Steateleden al foar. Se ferlieten de partij nei't de jongereinôfdieling fan Forum voor Democratie yn opspraak kaam troch rasistyske, antysemityske, en homofobe berjochten fan it bestjoer. De foarsitter fan dy jongereinôfdieling, Freek Jansen, stie en stiet op de kieslist foar de Twadde Keamerferkiezingen.

Baudet bliuwt oan nei referindum

Partijlieder Thierry Baudet, goede freon fan Jansen, ferklearre nei de opskuor en ûnfrede binnen de partij oanfanklik om op te stappen, mar kaam dêr fuort ek wer op werom. Der waard in binend referindum útskreaun mei de fraach oft de leden mei Baudet troch woene. Baudet wûn dat referindum en bliuwt dêrtroch lieder fan de partij.

Gefolch is dat hieltyd mear provinsjale fraksjes har ôfskiede, wêrûnder no ek de Fryske Steateleden. Fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard sei earder al dat er net fierder woe as Baudet by de partij bliuwe soe.

Fierder mei deselde 'kearnwearden'

"De landelijke partijpolitiek is ons constructieve werk als volksvertegenwoordiger de afgelopen tijd niet ten goede gekomen", skriuwt de Fryske ôfdieling fan de partij. Mei de nije namme kinne de Steateleden fierder, "met alle focus op ons mooie Fryslân". Se steane noch wol foar deselde 'kearnwearden' dêr't Forum voor Democratie ek foar stiet, skriuwe se. "Dit is besloten in het belang van de politieke opdracht die de fractie van de FVD-kiezers heeft gekregen."

Fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)