Fryske FvD-fraksjefoarsitter: 'As Baudet by de partij bliuwt, stap ik op'

27 nov 2020 - 16:43

De Fryske Steateleden fan Forum voor Democratie bliuwe foarearst ûnderdiel fan de partij. Dat sizze se yn in reaksje op it nijs binnen de partij de ôfrûne wike. Maarten Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan Fryske fraksje fan de partij, seit lykwols op te stappen as de lanlike partijlieder Thierry Baudet beslút by de partij te bliuwen.

Fryske FvD-fraksjefoarsitter: 'As Baudet by de partij bliuwt, stap ik op'

De ôfrûne dagen stapten fjouwer fan de tsien Earste Keamerleden en ferskate Steateleden út oare provinsjes út de partij. Tongersdeitejûn makke partijprominint Annabel Nanninga al bekend dat se út de partij stapt. Dat diene de nûmers 3 oant en mei 5 fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen ek.

Yn de ferklearring seit de Fryske FvD-ôfdieling dat se wol rekke binne troch de ûntwikkelingen, mar dat se 'konstruktyf' wurkje oan in 'moaier Fryslân'. "Met hoofd én hart, zonder haat, uitsluiting of misplaatste bejegening van welke medeburger dan ook."

"Untwikkelings skealik foar de partij"

De ûntwikkelings binnen de partij dogge Goudzwaard en de oare Steateleden lykwols bot sear. Goudzwaard: "Wy binne by de partij kaam om't wy leauwe yn it partijprogramma. De ûntwikkelings fan de ôfrûne wike binne hiel skealik foar de partij en dat giet ús allegear oan it hert."

De Fryske fraksjefoarsitter is dan ek net te sprekken oer it hanneljen fan it lanlike partijbestjoer. "Sy hiene folle trochtaastender hannelje moatten."

Gearkomste

Freedtemiddei kaam de Fryske FvD-fraksje gear om harren ferfolchstappen te bepraten. Dêryn kaam ien ding hiel dúdlik nei foaren: "Wy moatte soargje dat wy de fokus hâlde op ús wurk. Ik bin benijd wat der stiet as de stofwolken delkomme, mar wy binne tige wiis mei inoar as fraksje en wolle mei elkoar trochgean", seit Goudzwaard. Dat bliuwe de Steateleden foarearst dwaan ûnder de namme Forum voor Democratie.

Foto: Omrop Fryslân

Skrokken fan brief

Oer Thierry Baudet is Goudzwaard lykwols minder te sprekken. Neist it fraksjestatement makke hy ek in persoanlik statement, nei oanlieding fan de brief fan Nicki Pouw-Verweij. Yn dy brief seit Pouw-Verweij, de nûmer trije op de lanlike kandidatelist fan Forum, dat Baudet yn komplotteoryën leaut en radikalisearre is. "Ik bin dêr sa fan skrokken dat ik my net langer ferbine kin mei Thierry Baudet."

Yn dat boadskip gean de oare fiif Fryske Steateleden foarearst net mei. Goudzwaard: "Sy stean der oars yn. Sy kieze derfoar om it stof earst delkomme te litten en beriede har dêrnei fierder op harren stânpunt. Dat respektearje ik folslein."

As Baudet bliuwt, stapt Goudzwaard op

As Baudet derfoar kiest om by de partij te bliuwen, stapt Goudzwaard yn elts gefal op. "Dan is der gjin romte mear foar my. Dêr leau ik net mear yn." Oft de oare Steateleden him dan folgje, moat noch bliken dwaan. "Dat is noch spekulatyf. We moatte earst sjen wat der de kommende dagen barre sil."

Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei Maarten Goudzwaard

(Advertinsje)
(Advertinsje)