Neilittenskip Kulturele Haadstêd wurdt swiere dobber foar gemeente Ljouwert

De gemeenteried fan Ljouwert wol graach de legacy fan Kulturele Haadstêd 2018 oerein hâlde, mar guon partijen hawwe twivels oft dit finansjeel helber is. Tagelyk wol it kolleezje dat de gemeente dit doel wol neistribbet, los fan it jild. "Wij vinden dat we deze ambitie moeten hebben als stip op de horizon richting 2028. Het beschikbare geld bepaalt hoe snel we deze ambitie halen", seit wethâlder fan kultuer Hein Kuiken. De Ljouwerter gemeenteried debatearre woansdeitejûn oer de kulturele takomst fan de gemeente.
Neilittenskip Kulturele Haadstêd wurdt swiere dobber
Op it stuit hat Ljouwert de kulturele basis net op oarder. Sa komme stedsskouboarch De Harmonie en poppoadium Neushoorn struktureel jild tekoart. Tagelyk fielt de gemeente druk om de neilittenskip fan kulturele haadstêd net ferdampe te litten en hjir is ek ekstra jild foar nedich. De gemeenteried moat kieze út trije senario's.
It earste senario is om alles te litten sa as it no is. Dat kin grutte gefolgen hawwe foar bygelyks De Harmonie en Neushoorn. Om de kultuer yn de gemeente op nivo te krijen moat der 1,5 miljoen euro by, dat is senario B. En om de ambysjes om it ferfolch op Kulturele Haadstêd 2018 oerein te hâlden is der noch in pear ton ekstra nedich, wat senario C is. Gjin maklike kar foar de gemeente dy't it finansjeel dreech hat.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Partijen as PvdA en de FNP stribje it heechste senario nei yn de hoop op bettere finansjele tiden, mar in partij sa as de VVD giet foar de basis op oarder. "Je kan ambities alleen maar waarmaken als je budget hebt", fynt Harry Bevers fan de VVD. Wol freget hy him lûdop ôf oft de gemeente net faalt as se net foar opsje C kiest. Mar hy seit ek dat de gemeente de kultuer "geen worst kan voorhouden die we niet willen of kunnen geven." De PvdA fynt it in goede saak om dreamen te hawwen, ek al is der noch gjin jild. "We moeten het hoogst haalbare nastreven", seit Mirka Antolovic.
FNP en CDA sille noch in moasje yntsjinje om de SML (Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden) ek mei te nimmen yn it 'basis-op-oarder-senario'. De koepel fan sechtjin muzykferieningen lette foarige wike de needklok om't se nei de weryndieling by Ljouwert gjin subsydzje mear krije en it swier hawwe.
Takom wike woansdei beslút de gemeenteried oer hokker kulturele rjochting de gemeente de kommende jierren op sil.
Harry Bevers fan de VVD
Mirka Antolovic fan de PvdA