Cambuur soarget foar doelpunterein: "Een uitslag waar je u tegen zegt"
Sportklup Cambuur hie sneontejûn net folle muoite mei MVV Maastricht. Yn Limboarch waard it leafst 1-7. Ek waarden twa rekôrs belike. "Hartstikke moai, mar it binne gewoan trije punten", seit trainer Henk de Jong.
Henk de Jong nei MVV - Cambuur
De oerwinning op MVV wie de njoggende winst op rige, like folle as it kluprekôr yn 1996/97. "Ik wist it fantefoaren wol mar ik ha der neat oer sein", seit Henk de Jong. Hy sjocht it foaral as in boanus. "Wy ha allinnich mar sjoen nei winne." It rekôr fan de grutste útoerwinning fan Cambuur, dat op 0-6 winst by Jong Ajax stie, waard ek belike.
Jhondly van der Meer makke tsjin MVV syn debút foar Sportklub Cambuur. "Wy wolle yn de takomst mear nei de jeugd ta, jonges út de oplieding dy't trochbrekke kinne. Ik hoopje dat dit in stimulâns is."
Rasistyske fans
Issa Kallon waard yn de wedstriid rasistysk bejegene troch in tal MVV-fans, hearde ek De Jong. "Issa is in minske, in fantastysk jonkje. Dat rekket sa'n jonge." De sitewaasje waard goed ôfhannele troch de skiedsrrochter, seit De Jong. "De skiedsrjochter kaam yn de rêst by ús. De jonges, mei Jarchinio Antonia foarop, seinen: 'nee, wij willen gewoon spelen'. Dat is in sinjaal fan de groep."
Mees Hoedemakers nei MVV - Cambuur
Cambuur begûn de wedstriid net al te bêst, mar nei in doelpunt fan Maulun draaide it hielendal om. "Vanaf dat moment pakken wij het helemaal op en spelen we ze eigenlijk helemaal zoek, valt de ene goal na de andere", seit Mees Hoedemakers. "Dan zie je hoe goed we kunnen zijn. Ik heb genoten. natuurlijk een uitslag waar je u tegen zegt, daar ben ik trots op."
'Soms heb je mazzel'
Hoedemakers tekene sels foar de 0-2, al gie de bal fia in MVV-spiler it doel yn. "Die tel ik wel", laket Hoedemakers. "Soms heb je mazzel, soms heb je pech. Nu had ik mazzel dus dat is mooi."
De middenfjilder hopet dit seizoen faker it doel te finen. "Doelpunten maken wil ik altijd. Dus ik hoop dat ik dit seizoen meer kan scoren dan vorig seizoen. Het is mooi dat ik er na twee wedstrijden al eentje in heb liggen."
Jhondly van der Meer nei MVV - Cambuur
"Hier doe je het voor", seit Jhondly van der Meer nei syn debút. "Ik was alleen gefocust om zo goed mogelijk mijn wedstrijd te spelen en op te vallen, zodat het vaker gebeurt.
Van der Meer spilet al jierren yn de oplieding fan Cambuur. Hy is optein dat hy no debutearje mocht. "Uiteindelijk komt je droom uit, om te debuteren bij een profclub. En dat het Cambuur mag zijn, is nog beter."
De lange busreis werom nei Ljouwert sil foar Van der Meer dan ek net al te lang fiele. "Het zal voor mij als een uurtje voelen. Met die jongens om me heen, dan maakt die vier uur niet meer uit."