De oarloch yn Fryske foto's: "Stjerre en oerlibje"

Yn de tiid fan de besetting binne yn Fryslân goed 23.000 minsken ûnderdûkt. Nei alle gedachten sitte dêr sa'n 3.000 Joadske minsken tusken. De besetter slút de Joadske mienskip hieltyd mear út. Feit is dat winkels sletten wurde, huzen leech komme en famyljes fermoarde wurde. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.
De húsrie fan de Joadske famylje De Jongh wurdt ôffierd © Filmer: Ruurd Rodenburg (Fries Verzetsmuseum)
Eins it dit net in foto, mar in snapshot út in film fan Ruurd Rodenburg. Hy wurket as toskedokter en hy wennet oan de Spanjertsleane yn Ljouwert, foar de famylje De Jongh oer. Dizze Joadske húshâlding bestiet út heit Israël de Jongh en dochters Rachel, Bernardina Henderina en Nicolina. Op 12 novimber 1942 stiet de plysje fan Ljouwert foar de doar om se op te heljen.

Buorman as stille tsjûge

De Dútsers deportearje de famylje nei Auschwitz. In wike nei't sy fan hûs helle binne, wurde se fermoarde. Buorman Rodenburg is tsjûge fan it weifieren. Hy beslút stikem, efter de fitraazje wei, it barren te filmjen. Op de bylden is te sjen dat De Jongh en dochters by in plysjeman del út hûs rinne. Sy tôgje noch wat bagaazje mei. Foarbygongers op strjitte sjogge der net of amper nei.
Goed in moanne letter filmet Rodenburg ek dat de húsried út Spanjertsleane 133 weihelle wurdt, op befel fan de rôforganisaasje fan de besetter. In meiwurker fan firma Postma tilt in kast yn in frachtwein.
It alvetal fan de Joadske fuotbalklup Achdoeth yn 1935 © Historisch Centrum Leeuwarden
Earm oan earm posearje sy njonken inoar, de spilers fan it iennige alvetal fan de Joadske fuotbalklup Achdoeth ('iendracht') yn Ljouwert. Sy spylje oan it Fonteinland en letter oan de Borniastrjitte. Dizze foto is net makke yn de oarloch, mar krekt in pear jier derfoar. Nettsjinsteande dat is it plaatsje wol tekenjend foar dy tiid. Want fan de alve spilers op de foto oerlibje mar twa de oarloch: Herman van der Velde (boppe, yn de midden) en Bennie Cohen (foarste rige, links).
Herman Worms en Rebecca Siwinosky yn Koudum © Albums Gerhard Koopmans (Tresoar, Fries Fotoarchief)
It jonkje Herman Worms sjocht noch wat skruten de kamera yn. Miskien wie it wol om't er noch net bekend wie mei de famylje De Boer. Tegearre mei Rebecca Siwinosky, it famkje rjochts, krijt hy in plak yn dit gasthúshalden. Willem en Antje de Boer wenje oan de Snakke yn Koudum. Troch de help fan dit pear hawwe beide bern de oarloch oerlibbe. Fanwege de goeie soargen hawwe Willem en Antje letter de Israelyske Yad Vashem-ûnderskieding krigen.
Oerrabbyn Abraham Salomon Levisson fan Fryslân en Drinte © Fries Verzetsmuseum
Efter de Grote Kerkstraat yn Ljouwert leit de A.S. Levissonstraat. Dy strjitte is neamd nei Abraham Salomon Levisson (1902-1946), oerrabbyn fan Fryslân en Drinte. Hy is berne yn Den Haag, mar komt yn 1935 nei Ljouwert. Levisson giet yn de besettingstiid faak nei it haadkertier fan de Sicherheitsdienst. Dêr protestearret hy tsjin de wize wêrop't der mei syn gemeenteleden omgien wurdt. Op 'e duer mei hy net mear yn it gebou komme.

'Rabbyn Freugde'

Fan 1938 ôf nimt hy de geastlike fersoarging fan Joadske flechtlingen út Dútslân op him. Levisson stiet bekend as ûnbaatsuchtich en ienfâldich. De flechtlingen neame him 'Rebbe Simche' ('rabbyn freugde'). Yn 't earst jout hy Joadske minsken it advys om net ûnder te dûken, 'omdat God ons ook in Polen kan beschermen'. Mar yn 1943 pakt de besetter Levisson sels op. Hy komt yn Westerbork en Bergen-Belsen telâne. Dêrnei moat hy op de trein nei Tröbitz. As de Russyske soldaten by oankomst de wagon iepenje, wurdt Levisson dea fûn.
De fersegele doar fan keunsthannel Sanders © Fotograaf: P.J. Plantinga (Historisch Centrum Leeuwarden)
Op 5 novimber 1942 wurdt de keunsthannel en listemakkerij fan Louis Sanders en Froukje Polak oan de Sint Jacobsstrjitte sletten. Op de segel stiet de stimpel fan it Kommissariaat fan Plysje Ljouwert. De besetter sil in saneamde 'Verwalter' oanstelle dy't de ynventaris fan de winkel fêstleit en de ynboel ferkeapet.
Hoe langer de besetting duorret, hoe mear gefolgen sichtber wurde op strjitte. De besetter lit bedriuwen fan Joaden ûnteigenje. Op dy wize hawwe Joadske minsken gjin ynkommen mear, mar ek wurdt sa harren rol yn de mienskip lytser makke.
Benjamin Raphaël en Jansje Pais yn Harns © Griet de Jong (Tresoar, Fries Fotoarchief)
It is goed mooglik dat dit de lêste foto is fan Benjamin Raphaël Pais en syn suske Jansje. Sy laitsje nei de fotograaf, mar de Joadestjer op harren klean jout al in tinken fan wat der mei harren barre sil. De foto is yn 1942 makke oan de Noarderhaven yn Harns. Dêr wenje sy mei harren âlders Raphaël Pais en Roosje Pais-Cohen. Op 23 novimber binne de bern en Roosje fermoarde yn konsintraasjekamp Auschwitz. Heit Raphaël libbet noch trije moannen, mar komt op 28 febrewaris 1943 om yn itselde kamp.
Om't Nederlân dit jier 75 jier befrijd is, hat it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) in projekt opset: De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. Dat wurdt dien yn opdracht fan Platform WO2 en is mei mooglik makke troch it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en it vfonds. Eltse provinsje hat oarlochsfoto's oanlevere dêr't eltsenien op stimme koe. Op 15 jannewaris binne de foto's út Fryslân presintearre, bylden dy't de oarloch sichtber en ynfielber meitsje. In boargerfoarum kiest úteinlik de 100 foto's dy't oerbliuwe foar in nasjonale tentoanstelling, dy wurde op 30 maart bekendmakke.
De seleksje Fryske oarlochsfoto's komt foarby yn dizze ferhalerige en is keazen troch Tresoar, Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân. De Fryske foto's binne tusken 11 april en 16 septimber te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn de tentoanstelling Oog in oog met de oorlog.