De oarloch yn Fryske foto's: "Fier fan de minsken dêr't ik fan hâld"
Yn de tiid fan de besetting binne yn Fryslân goed 23.000 minsken ûnderdûkt. Nei alle gedachten sitte dêr sa'n 3.000 Joadske minsken tusken. De besetter slút de Joadske mienskip hieltyd mear út. Feit is dat winkels sletten wurde, huzen leech komme en famyljes fermoarde wurde. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.
Gemoedlik posearret slachter Gerson de Wilde yn 1940 foar de foto, mei syn frou Schoontje Dwinger en harren seis bern Aaltje, Barend, Eva, Gretha, Roosje en Jacob. De Wilde stiet bekend as in freonlike man. Fan 1917 ôf sit hy yn in pân efter de Grutte Tsjerke en yn 1923 lit hy in nije winkel bouwe op de hoeke fan de Breedstrjitte en Bij de Put.
De slachterij bleau, de minsken net
De winkel lûkt in soad minsken en De Wilde advertearret yn de dei- en wykblêden yn de haadstêd. Mar nei maaie 1940 nimt it tal advertinsjes ôf. De oarloch hat syn wjerslach op de saak. Yn 1942 moat De Wilde syn slachterij slute. De ynboel wurdt yn beslach nommen. De leden fan de húshâlding dy't noch boppe de winkel wenje, moatte yn novimber 1942 op transport nei Westerbork en Auschwitz. De komplete ynventaris fan de winkel en de boppewenning bleau bewarre. Mar alle acht minsken op de foto hawwe de oarloch net oerlibbe.
Sy kinne der noch om laitsje, mar it is bittere earnst. Dizze groep Nederlanners is yn 1945 op de foto set yn Wesermünde (no Bremerhaven) yn it noarden fan Dútslân. Under de manlju ek in pear Friezen. Sy binne twangarbeiders en kriichsfinzenen en moatte yn in de mynbou oan it wurk. Sy hâlde in boerd beet mei de tekst: 'Ver van allen waarvan ik heb gehouden.' Steande Johannes van der Heide, Johannes Faber en Piet Postma en folslein rjochts Nico Halma.
Foar it earst yn trije jier rinne Louis Sanders en syn frou Froukje Polak wer frij oer strjitte, njonken de stedsgrêft yn Sleat. It pear hie in keunsthannel oan de Ljouwerter Sint Jacobsstrjitte. Yn 1937 naam Louis de winkel fan syn âlden oer, mar op 5 novimber 1941 moast winkel ticht fan de Dútske besetter. Louis en Froukje beslute ûnder te dûken.
Skûlnammen
Yn it trouboekje dat it stel by him hat, steane de nammen Zandstra en Van der Pol. It binne skûlnammen. Yn de oarlochstiid ferhúzje sy 19 kear fan ûnderdûkadres. As de oarloch einiget, bivakkearje sy yn Sleat. Nei de befrijing iepenje se harren winkel op 'e nij. De saak is bekend yn de provinsje en bestiet noch oant 1967.
'Voor Joden verboden'
Op dizze foto fan it kafee is it suver net te sjen. Mar op it linker rút hinget in wyt buordsje mei: 'Voor Joden verboden'. Kafee Bentheim stie oan de Foarstreek yn Ljouwert. De eigener hat yn april 1941 net in soad yn te bringen tsjin de pleatsing fan it boerd. Yn Fryslân binne der mar twa hoareka-ûndernimmers dy't it oandoare om sa'n boerd net op te hingjen. It lit sjen hoe't de Joadske mienskip útsluten wurdt. Ien foar ien komme der ferbodden: foar swimbaden, bioskopen, musea, sportklups, winkels, merken, ferieningen en parken.
It Joadske ûnderdûkerke Rosa Landau hâldt grutsk har pop beet. Foar de wrâld hjit sy lykwols Coly Peypers. Sy is ûnderdûkt by de famylje De Vries yn Koudum. Dat wurdt yn 1944 te gefaarlik, om't de famylje De Vries in soad fersetswurk docht. Dêrom ferhuzet Rosa nei Wâldsein. Se oerlibbet de oarloch, mar jierren dêrnei draait Rosa de provinsje de rêch ta: se fêstiget har yn Súd-Afrika.
Foto foar letter
Yn de hjerst fan 1942 moat de Joadske famylje Reindorp him melde foar Westerbork. Heit Herman, beppe Sophie Köster-Neter en bern Frits en Hellen Sophie wenje op Lijsterstraat 82 yn Ljouwert. Harren besittingen bliuwe efter. Foar't it guod definityf út it hûs helle wurdt, helje de buorlju fan de famylje Reindorp stikem noch in foto fan de twa bern út it pân wei. Sy hoopje dat sy de foto nei de besettingstiid weromjaan kinne oan de bern.
De foto is lykwols it iennige wat fan harren oerbleaun is. De bern Frits en Hellen Sophie ferstjerre op 2 novimber 1942 mei harren mem yn Auschwitz. Beppe komt trije dagen letter om en heit Herman yn maart 1943.
Om't Nederlân dit jier 75 jier befrijd is, hat it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) in projekt opset: De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. Dat wurdt dien yn opdracht fan Platform WO2 en is mei mooglik makke troch it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en it vfonds. Eltse provinsje hat oarlochsfoto's oanlevere dêr't eltsenien op stimme koe. Op 15 jannewaris binne de foto's út Fryslân presintearre, bylden dy't de oarloch sichtber en ynfielber meitsje. In boargerfoarum kiest úteinlik de 100 foto's dy't oerbliuwe foar in nasjonale tentoanstelling, dy wurde op 30 maart bekend makke.
De seleksje Fryske oarlochsfoto's komt foarby yn dizze ferhalerige en is keazen troch Tresoar, Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân. De Fryske foto's binne tusken 11 april en 16 septimber te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert yn de tentoanstelling Oog in oog met de oorlog.