Omrop Fryslân

Grien ljocht foar wynpark Nij Hiddum-Houw

De Raad van State hat woansdei grien ljocht jûn foar it wynpark Nij Hiddum-Houw. Alle beswieren fan omwenners, Waadferiening en de stifting Hou Friesland Mooi binne ôfwiisd troch de Raad van State.
© Omrop Fryslân
De beswieren fan de omwenners binne net yn behanneling nommen om't se neffens de Raad te fier fan it wynpark ôfwenje om der echt in soad lêst fan te hawwen.
De Raad van State hat de beswieren fan de Waadferiening en oare miljeuorganisaasjes wol ynhâldlik behannele. De Raad fynt dat it plak fan it wynpark oan de râne fan Fryslân, de Waadsee en de Iselmar, goed past.
Boppedat hat de provinsje oantoand dat der ferlet is fan it park. Mei dizze útspraak kinne njoggen wynturbines fan 188 meter heech boud wurde by Wûns, Surch en Koarnwert.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.