Mearderheid Provinsjale Steaten akkoart mei wynpark Nij Hiddum-Houw

Provinsjale Steaten geane yn mearderheid akkoart mei de komst fan it wynpark Nij Hiddum-Houw. Dat is de konklúzje nei de diskusje yn de Steaten oer it wynpark. Woansdeitejûn stimden de koälysjepartijen en de ChristenUnie foar de komst fan it wynpark. Yn totaal wienen der 23 stimmen foar en 16 tsjin.
Mearderheid Provinsjale Steaten akkoart mei wynpark Nij Hiddum-Houw
Nij Hiddum-Houw bestiet út njoggen wynturbinen, dy't mei-inoar 36 megawatt opwekke kinne. It beslút past binnen de ôfspraken mei de ryksoerheid. Fryslân moat yn 2020 530,5 megawatt oan wynenerzjy opwekke. Ferline wike waard al dúdlik dat it wynpark yn de Iselmar by Makkum definityf trochgiet. Dat park soe 316 megawatt opsmite moatte. Dan bliuwt noch 178 megawatt oer. Dat moat opwekt wurde mei besteande wynturbinen op it lân.

Teloarstelling

Omwenners fan Nij Hiddum-Houw hawwe teloarsteld reagearre op de beslútfoarming yn de Steaten woansdei. Sy binne om alve oere moarns al fuortgien. De komst fan de wynturbinen wurdt stipe troch de kolleezjepartijen CDA, VVD, FNP en SP. Ek de ChristenUnie hat al sein akkoart te gean mei it lêste útstel fan deputearre Klaas Kielstra.

Maatregels

Dat hâldt yn dat der legere mûnen komme, in bettere kompensaasjeregeling foar de buert en in sa optimaal mooglike monitoaring fan sûnensklachten fan omwenners troch GGD en RIVM. Der komt in meldpunt foar minsken dy't klachten krije troch de mûnen. Fierder sil deputearre Kielstra besjen oft der wat oan de ferljochting fan de mûnen dien wurde kin, sadat minsken dêr minder lêst fan krije sille.