Gjin treinen troch staking personiel: "Meen je niet? Dan ga ik maar weer naar huis"
Al de hiele dei ride der gjin treinen en mar kwealik bussen yn de provinsje. De staking is rjochte tsjin de plannen fan it kabinet om te besunigjen op de sosjale wissichheid. De staking duorret noch oant moarnier 6.00 oere.
By de busstalling fan Qbuzz op It Hearrenfean is dizze moarn net in soad beweging. Der sette wol wat bussen ôf, mar dat binne der folle minder as gewoanwei.
"Der kin miskien in bus by dy komme, mar do moatst ek werom nei hûs. As in bedriuw ferstannich west hie, hie der gjin bus útgien", sa stelt Andries de Jong fan FNV Fryslân, ien fan de organisatoaren fan de staking.
Sa'n tsien prosint rydt wol
De staking hat alles te krijen mei plannen fan it kabinet om te besunigjen op sosjale wissigens. De fakbûnen wolle dat dy besunigingen fan tafel gean. Dochs rydt sa'n tsien prosint fan de bussen fan Qbuzz wol.
Neffens De Jong binne de sjauffeurs dy't wol ride foar in grut part útstjoerkrêften. "Dy hawwe de eangst dat se aanst gjin fêst kontrakt krije. Ik fyn it skande, eltsenien hat it rjocht om te staken."
Mar in grut part fan de sjauffeurs staakt wol. Fan 8.00 oere ôf kinne sy harren ynskriuwe by de fakbûnen. Dat is needsaaklik om yn oanmerking te kommen foar in stakingsfergoeding.
"Mar dy is net sa heech as it salaris", seit Andries de Jong fan FNV Fryslân. "It kostet dy sa fjouwer, fiif tientsjes op in dei."
Dochs liket de reewilligens om te staken grut. "Dizze plannen fan it kabinet lizze wol hiel gefoelich. Ik sjoch ek minsken dy't de foarige kear net oanwêzich wienen, dy't no wol stake", seit De Jong.
Motivaasje om te wurkjen wurdt hieltyd leger.
Bussjauffeur Martine Koen is ien fan de minsken dy't woansdei staakt. "Ik protestearje tsjin it lanlik regear dat ús arbeidsbetingsten nei ûnderen draaie wol. Ik fyn dat dat absolút net kin. Dan geane we werom yn de tiid."
"De minsken dy't it wurk fersette, moatte wurdearre wurde, dêrom staak ik hjoed", fertelt Koen.
Gjin iepenbier ferfier troch staking personiel
"De ôfbraak soarget derfoar dat de motivaasje om te wurkjen hieltyd leger wurdt. Dat fyn ik wol spitich. Hast 20 jier wie it myn lust en myn libben, hartstikke moai wurk."
In soad minsken binne op 'e hichte
Op it stasjon fan It Hearrenfean is it woansdeitemoarn rêstich. Der rint in inkeling om, mar dy hawwe in alternative oplossing betocht. "Ik ben hier net gebracht door mijn moeder. Ik heb zo rijles en vanuit rijles word ik afgezet op school in Drachten", fertelt in famke op it stasjon.
"Normaal ga ik altijd met de bus, maar zo is het ook goed opgelost. Ik heb geluk dat mijn ouders thuis zijn."
Mar net elkenien is op 'e hichte. In jonge komt yn sân haasten op it stasjon oan, om syn trein te heljen. "Meen je niet?" Is syn earste reaksje as er heart dat de trein net rydt.
As hy heart dat de bus ek net giet, dan sit der mar ien opsje op. "Ik moest eigenlijk naar Leeuwarden voor school, maar als niks rijdt, dan ga ik maar gewoon weer naar huis."
Rêstige to go-winkel
Foar it personiel by de to go-winkel op it stasjon is it in saaie dei. "Der is net folle te dwaan. Alles is folle en der hawwe yn de ôfrûne twaenhealoere mar fyftjin minsken west", fertelt Marco van Dijk fan de winkel.
"Ik hoech mar oant ien oere", fertelt er. "Mar ik hoopje dat myn kollega's dy't langer moatte in spultsje dwaan sille."