Ferdigener Mees Hilgers fan FC Twente nei sc Hearrenfean
Sportklup Hearrenfean hat him fersterke mei Mees Hilgers. De sintrale ferdigener hat in kontrakt tekene foar twa seizoenen mei in opsje foar noch in jier.
Hilgers spile 132 wedstriden foar Twente en skoarde dêryn fjouwer kear. Hy hat boppedat fjouwer ynterlâns spile foar de nasjonale ploech fan Yndonezië.
Hilgers hat lykwols al in skoft gjin wedstriden foar Twente spile. Earst om er yn konflikt mei de klup wie om't er syn kontrakt net ferlingje woe en dêrnei fanwegen in blessuere.