Kinne we ynkoarten sile tusken Frjentsjer en Harns?
It moat in 'handshake' tusken Harns en Frjentsjer wurde: De Kiester Wielen. Efter Hjerbeam kinst aanst sile, swimme en noch folle mear yn it nije rekreaasjegebiet.
"Gewoon een fantastisch mooie plek" moat it wurde, fertelt Ynse Deinema fan de stichting efter it plan. "Voor mensen uit de regio om te zeilen, zwemmen, vissen, een yogaklasje te doen, noem het maar op."
Wêr't no noch 120 hektare lân leit, moat straks in grutte rekreaasjeplasse mei strân en bosk komme. Ek moat der in oantal eilantsjes komme dêr'tst oanlizze en kampearje meist.
Nij rekreaasjegebiet tusken Harns en Frjentsjer
It plan is alwer in jier lyn lansearre en wurdt hieltyd serieuzer. De earste stap is no om alle plannen te ûndersykjen en út te wurkjen.
Dêr hat de stichting jild foar oanfrege by gemeente Harns. "En binnenkort doen we dat in Waadhoeke", fertelt Mirjam Holwerda fan Stichting Kiester Wielen.
"We hebben echt heel veel partijen nodig: de provincie, allerlei organisaties die rond het water betrokken zijn. Daar hopen we op medewerking", fertelt Holwerda.
Dat mensen denken: hier wil ik wonen, hier wil ik werken, hier wil ik blijven.
Se sjocht ek mooglikheden mei it each op it feroarjende klimaat. "We zien dat het klimaat sterk verandert, dat we te maken hebben met droogte."
"En straks misschien weer wateroverlast. Daar is dit gebied heel passend in om daar oplossingen in te vinden."
Ekonomysk effekt
De stichting hopet dat de plasse ek in úthingboerd foar de regio wurde kin. "Dat mensen denken: hier wil ik wonen, hier wil ik werken, hier wil ik blijven", seit Deinema.
Sa moat it rekreaasjegebiet derút komme te sjen. De stichting hat ûndersteande ôfbylding meitsje litten mei AI:
Deinema fertelt dat sa'n grutskalige oanpak ek ekonomysk effekt ha kin, omdat it in hiel soad aktiviteiten mei him meibringt.
De skeppe kin noch lang net de grûn yn, mar de inisjatyfnimmers doare wol te hoopjen.
"We hopen dat je hier over vijf jaar kunt varen en op het strand kunt liggen", seit Holwerda. "En dan in de loop der tijd het plan verder realiseren."