Omrop Fryslân

Utsûnderlike drûchte soarget foar noed by bouboeren: "Nag nooit soa metmaakt"

Benammen yn it suden lizze de fjilden der min by
© ANP
De drûchte soarget foar groeiende noed by bouboeren. It delslachtekoart en de hege temperatueren binne foaral min foar de mais en it gers.
It binne útsûnderlike tiden, seit de Biltker foarsitter Tineke de Vries (59) fan de fakgroep ikkerbou fan lânbou-organisaasje LTO. "Ik hew 't nag nooit eerder soa metmaakt, niet bewust in elk gefal."

Krúsjale faze

It is no de tiid dat yn de mais de kolven foarme wurde moatte. Dêr is focht foar nedich en dat is der net. It focht soarget normaalwei foar it setmoal, wichtich foar de fiedingswearde.
"D'r binne best wel sorgen over, seker op de wat drogere grônden, at die mais wel mais wort."
De plant stiet hjir yn Fryslân wol heech op it stuit. Wat dat oangiet meie we net mopperje, seit De Vries. "Maar der motte nou wel kolven formd worre, dat is 'n krúsjale faze."
Tineke de Vries
© Omrop Fryslân
Mais wurdt ferboud as fretten foar it fee en ek in grut part fan it gerslân is dêrfoar bedoeld. Mar it gers groeit ek kwalik.
De earste sneed, fan 't maitiid, wie goed. Omdat it doe op de goeie mominten reinde, wie it groeisum waar. Mar de lêste kearen dat meand waard, kaam der kwalik gers fan it lân.

Hegere prizen

It is min nijs foar feehâlders. Want as der te min opbringst fan mais en gers is, moatte se oar fretten oankeapje. En de prizen binne heger as normaal.
It is net allinnich mais en gers dat net goed groeit, seit De Vries: "Sipels motte ok nag bolle, eerappels motte nag 'n eandsy deurgroeie, biten motte nag 'n heel eand deurgroeie."
Drûge grûn by de ierappels
© Omrop Fryslân
It is neffens De Vries in gelok by in ûngelok dat yn Fryslân benammen poatierappels ferboud wurde, want dy binne wat earder oan de maat as konsumpsje-ierappels.
Mar it is sá útsûnderlik drûch, seit se: "De eerste dartig sentimeter ferdwynt in 'n skeur. At d'r wat fâlt is 't fortendaliks fort."

Skea

Net allinnich it feefoer wurdt djoerder, it is ek te fernimmen oan de ierappelprizen. Dy geane de lêste wiken flink omheech. "Dat is fansels hartstikke mooi. At je se hewwe."
De Vries hat noed oer as aanst de ierappels en biten fan it lân moatte. "De see is nou drie ant fier graden wêrmer as normaal en dat betekent dat de boien ok heftiger worre." Dat kin ek wer grutte skea opsmite.
Sûkerbiten
© Shutterstock.com
Der mei dan wol noed wêze by Fryske boeren, de problemen binne neffens de LTO-bestjoerder it grutste yn it suden fan it lân.
"In Seeland, Brabant en Limburg hewwe se al 'n min jaar had, want der hewwe se feul meer konsumpsy-eerappels. De opbringst waar goed, maar de priis waar min."
No spilet itselde mei sipels. In bouboer kin soks wol in jier folhâlde, mar as der noch sa'n jier folget, wurdt it lestich.

Bereine

It skeelt as je bereine kinne, seit De Vries. "Wij kinne hier nag beregene, in 't groate part fan 't land kin dat niet meer. En dan is 't gewoan klaar."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.