Omrop Fryslân

Dizze freonegroep fytst de Alvestêdetocht op klompen

De klompen fan Team Bitterballen
© Omrop Fryslân
Freonegroep 'Team Bitterbal' docht dit jier mei oan de Fytsalvestêdetocht, sy hawwe net allinnich opfallende shirts en ek bysûnder fuotark.
In oantal fan de freonen hat nammentlik klompen oan. Oft it slagget om te fytsen mei klompen: "Hiel bêst", seit ien fan de freon. It idee om mei te dwaan ûntstie op in tongersdeitejûn ûnder it genot fan bier en bitterballen. Earst hie mar ien fan de freonen ynteresse, úteinlik waarden it der seis.
De spesjale Team Bitterbal shirts binne ûntwurpen troch de partners fan de manlju, mar sy fytse net mei: "Dy wiene net hiel entûsjast."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.