Liveblog
| Vandaag •
25 maaie
Regelers yn Holwert lieten te folle ferkear troch, stimpelpost sil aanst wol wer iepen
Omrop Fryslân docht de hiele dei live ferslach fan de Alvestêdetocht. Jo bliuwe hjir de hiele dei op 'e hichte fan de ûntwikkelingen en belibbenissen fan de fytsers.
Lêst bywurke: Hjoed, 12:55
12:55
De koprinners moasten niiskrekt wachtsje yn Aldemardum
12:48
Brânwacht soarget foar ferkuolling yn Boalsert
In kâlde dûs foar de fytsers yn Boalsert. De brânwacht hat him dêr spesjaal njonken de dyk opsteld. Mei in heechwurker wurdt wetter oer de dyk en oer de fytsers spuite. Guon fan har kinne dat wol wurdearje en stekke de tomme op.
12:33
Regelers yn Holwert lieten tefolle ferkear troch, stimpelpost sil aanst wol wer iepen
As de drokte yn Holwert wer wat ôfnommen is, kin de stimpelpost dêr aansten wer iepen. Dat seit foarsitter Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht.
De organisaasje hat oan de ein fan de moarn yngrepen, om't der foar Holwert in te grutte rige fytsters stilstie.
"De regelers lieten wat tefolle ferkear troch op de krusing krekt foar Holwert. Yn kombinaasje mei de drokte en it feit dat in protte minsken har bidon dêr follen, stie dêr in hiele grutte rige fytsers", neffens Rekker.
Der is noch besocht om it oantal stimpelers op te skalen, mar dat gie net hurd genôch.
Stadichoan rêstiger
"It lost yntusken wer aardich rap op, sa haw ik trochkrigen", fertelt de foarsitter.
Foar de fytsters dy't de stimpel yn Holwert net krije koene, komt it krúske net yn gefaar. Sy kinne letter op 'e rûte noch de 'Holwerter' stimpel krije.
12:25
Bannen plakke en keatlings wer goed set yn Snits
In pitstop yn Snits! Guon minsken bringe dêr in besite foar in reparaasje. Der wurde al hiel wat bannen plakt en keatlings wer goed set.
12:19
De fytsers troch de Marktstraat yn de binnenstêd fan Snits
12:12
Liesette Bruinsma en har team binne yntusken yn Boalsert