Skoalreiske by Sanjes yn Feanwâlden rint oars as tocht: "Dan mar patat op skoalle"
Se wurket al 44 jier yn it ûnderwiis en makke in hiel soad skoalreiskes mei, mar de lêste wie yn negative sin wol hiel bysûnder foar juf Marja Elzinga fan IKC Sinne en Wille yn Menaam.
Dat hie alles te krijen mei de brân dy't fan 'e moarn útbruts by in loads fan SanjesZoo yn Feanwâlden. By dy brân gienen ferskate bisten dea en waard de folsleine loads yn 'e jiske lein.
Yn SanjesSafari, it park fuort neist de loads dy't yn 'e brân stie, wienen ferskate skoalreiskes.
"Ik hie al pech dat de auto it net goed die, ik wie letter omdat ik de auto ruilje moast mei myn man", fertelt Elzinga.
Bern bleaunen rêstich
Se kaam dêrtroch mei eigen auto yn Feanwâlden. Doe't se krekt binnen wie, waard der omroppen dat der brân wie. Earst troch it personiel en letter troch de plysje.
"We wisten earst net sa goed wat we dwaan moasten, mar úteinlik waard der omroppen dat we ús guod pakke koenen en nei bûten moasten", seit se.
Dat barde hiel rêstich, fertelt Elzinga. "De bern reagearden hiel goed, se gienen nei de tassen ta. Der wienen ek bern dy't it net iens yn 'e gaten hienen dat der wat wie. Dy soenen oan tafel sitte om fruit te iten, mar dêr wie efkes gjin tiid foar."
"Jas oan, skuon oan, tas om en nei bûten."
Patat op skoalle
Op it momint dat de brân útbruts, wienen der in soad bern op it park. De bern fan Sinne en Wille giene as lêste út it pân.
"Wy ha ús gjin momint ûnfeilich field. De minsken wienen rêstich, de bern sochten om de skuon en wy binne goed út it gebou kaam."
Nei't de bern wer yn de bus sieten, binne se werom gien nei Menaam. "Op skoalle krigen se patat."
Oft de bern letter noch op skoalreiske gean, is net bekend. Foar Elzinga wie it har lêste skoalreiske as juf. Nei dit jier giet se mei pensjoen.
Lêste skoalreiske fan juf Marja