Omrop Fryslân

Grutte brân by SanjesZoo yn Feanwâlden, meardere bisten net mear te rêden

Brân yn Feanwâlden
© CAMJO Media
Der is brân útbrutsen oan De Sanjes yn Feanwâlden. De brânwacht hat opskaald nei 'grutte brân', minsken yn de omjouwing hawwe in NL-Alert krigen fanwegen de brân.
It giet om in grutte brân yn in loads fan SanjesZoo. Meardere brânwachtkorpsen binne yn it spier om it fjoer te bestriden.

Dyk ôfsletten

De dyk nei SanjesZoo is fanwegen de brân ôfset foar ferkear.
Ek de Sintrale As is op it stuit ticht en in túnsintrum yn de buert hat de doarren foarearst sletten.

Wat is SanjesZoo?

SanjesZoo is ûnderdiel fan it boarters- en bistepark Sanjes Safari yn Feanwâlden. Dat is in populêr boartersplak dêr't bern binnen en búten boartsje kinne.
Al hiel wat jierren is it ek in bistetún, dêr't 40 ferskillende soarten bisten libje. Boppedat is it in deibesteging foar minsken mei in (lichte) beheining.
Op it terrein oan De Sanjes is ek in sportakkommodaasje fan de lokale tennisferiening.
De brânwacht meldt dat der meardere bisten net mear te rêden binne by de brân yn Feanwâlden. Om hoefolle oft it giet, is noch net bekend. Fierder is noch net dúdlik om watfoar bisten oft it giet.
In oantal bisten koe noch út de loads helle wurde. Der binne gjin minsken mear yn it gebou.
De brânwacht bestriidt it fjoer fan bûtenôf. It is net feilich om de loads yn te gean.

Skoalreiske

In korrespondint meldt dat der in skoalreiske wie doe't de brân útbruts. Neffens de brânwacht hawwe de bern en de begelieders dy't yn de bistetún oanwêzich wienen net yn gefaar west.
Datselde jildt foar de bern en begelieders fan de njonkenlizzende berne-opfang. De bern dy't dêr wienen, wurde ophelle.
De brân by SanjesZoo út de loft wei besjoen
Mei de ferstjoerde NL-Alert wurdt oproppen om út de reek te bliuwen, ruten en doarren ticht te hâlden en de fentilaasje út te setten.
De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik.
Mear nijs fynst yn ús livebloch:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.